De Twa Aadlike Neven

Ut Wikipedy
De Twa Aadlike Neven
algemiene gegevens
oarspr. titel The Two Noble Kinsmen
auteur William Shakespeare
John Fletcher
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre komeedzje
skreaun 1613 of 1614
1e publikaasje 1634, Londen

De Twa Aadlike Neven, yn it oarspronklike Ingelsk: The Two Noble Kinsmen, is in Ingelsk toanielstik út it begjin fan 'e santjinde iuw, wêrfan't lang ûndúdlik west hat wa't de skriuwer wie. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw is lykwols stadichoan de teory opkommen dat it stik likernôch foar de helte skreaun is troch John Fletcher en foar de oare helte troch William Shakespeare. Tsjintwurdich wurdt dat yn akademyske fermiddens frijwol unanym akseptearre, sadat it stik no ta it wurk fan Shakespeare rekkene wurdt. Om't it yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw, doe't Douwe Kalma alle stikken fan Shakespeare yn it Frysk oersette, noch ta de Shakespeariaanske apokrifa hearde, is dit it iennichste toanielstik fan Shakespeare dêr't gjin Fryske fertaling fan bestiet.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Twa Aadlike Neven is fierhinne basearre op it Ferhaal fan de Ridder, ien fan Geoffrey Chaucer syn Canterbury Ferhalen, en giet oer de beide aadlike neven Palamon en Arsitus út it Grykske Tebe, dy't earst de bêste freonen binne, mar om 'e leafde fan in frou ta inoars grutste rivalen wurde. It stik is wierskynlik skreaun yn 1613 of 1614. Yn 'e mande mei Perikles, Prins fan Tyrus en de beide ferlern giene stikken Kardenio en Leafde's Lêst Al Leanne wie it ien fan 'e mar in pear akseptearre toanielstikken fan Shakepeare dy't ûntbrieken yn 'e gesachhawwende First Folio, út 1623, dêr't it wurk fan 'e grutte toanielskriuwer safolle mooglik yn samle waard. De Twa Aadlike Neven waard pas foar it earst publisearre yn 1634.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stik spilet yn 'e Grykske Aldheid. It iepenet as trije keninginnen op audiïnsje komme by Teseus en Hippolyta, de kening en keninginne fan Atene, en harren smeekje om yn te gripen yn Boeoasje, dêr't de tiran Kreön fan Tebe harren trije mannen op ûnrjochtlike wize deadien hat en no ek noch in foechsume begraffenis ûnthâldt. Teseus stimt deryn ta om tsjin Kreön te oarlogjen.

Yn Tebe fiele Palamon en Arsitus, twa neven dy't inoars bêste freonen binne, harren ferplichte en fjochtsje foar har stêd, ek al grize se fan Kreön syn dieden. Op it slachfjild ferrjochtet it pear wiere heldedieden, mar likegoed wurde de Tebanen troch de Ateners ferslein. Palamon en Arsitus wurde kriichsfinzen makke en bedarje yn Atene yn it tichthûs, dêr't se har op stoïsynske wize reemeitsjen om har terjochtstelling te ûndergean. Sawol harren reeëns om te stjerren as har freonskip wurdt lykwols yn ien klap oan kant reage as se út it finster fan harren sel prinsesse Emilia, de dochter Teseus en Hippolyta, foarbykommen sjogge. Se reitsje allebeide op slach smoarfereale op it fanke en wurde ta inoars grutste rivalen.

Arsitus mei it tichthûs ferlitte as in ynfloedryk famyljelid foar him pleitet. Hy wurdt dêrop út Atene ferballe, mar ynstee fan fuort te gean, ferklaait er him en beävensearret er dat er oansteld wurdt as Emilia har tsjinstfeint. Underwilens is de sipiersdochter fereale wurden op Palamon, en hja helpt him te ûntsnappen. Se folget him, mar hy negearret har fierders, mei't er noch altiten folslein obsedearre is troch Emilia. Palamon oerlibbet yn it wâld, dêr't er úteinlik heal úthongere syn neef Arsitus tsjinkomt. Se redendiele mei-inoar, mar Arsitus jout him ôf om iten en drinken en twa wappenrissings op te heljen, sadat se in earlik twagefjocht hâlde kinne oer wa't Emilia krije sil.

De yn 'e steek litten sipiersdochter is gek wurden. Se sjongt en slacht wartaal út, en treft dan yn it wâld in espeltsje lju dat in folksdûns opfiere wol foar Teseus en Hippolyta. As dy opdaagjen komme, mei't se yn 'e bosk op jacht binne, fersoargje de lju mei de sipiersdochter in healwiis optreden, ta fermaak fan it keningspear. Yn 'e tuskentiid is Arsitus weromkommen. Nei't de beide neven as freonen tegearre iten en oantinkens ophelle hawwe, klaaie se har yn 'e wapenrissings en sille se inoar te liif. Mar dan komme Teseus en syn gefolch harren oer it mad. Hy wol har allebeide terjochtstelle litte, mar Hippolyta en Emilia beprate him om harren in formeel duël útfjochtsje te litten. Wa't wint, mei mei Emilia trouwe, mar de ferliezer sil eksekutearre wurde.

Underwilens rêde de sipier en syn maten syn dochter. Hy besiket har wer ta geastlike sûnens te bringen. Op advys fan in dokter moediget er de eardere frijer fan it fanke oan om himsels foar te dwaan as Palamon, sadat se der stadichwei oan wenne sil om him as har wiere leafde te sjen. De tawijing fan 'e jongfeint wurdt har rêding. Foar it duël bidt Arsitus oan Mars dat er it gefjocht winne mei; Palamon bidt oan Fenus dat er mei Emilia trouwe mei; Emilia bidt oan Diana dat se trouwe mei mei dejinge dy't it measte fan har hâldt. Alle trije gebedens wurde ferheard: Arsitus wint it duël, mar wurdt dan fan it hynder smiten en stjert, sadat Palamon mei Emilia trouwe kin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Erdman, David V., en Fogel, Ephim G. (red.), Evidence for Authorship: Essays on Problems of Attribution, Ithaca, New York, 1966 (Cornell University Press).
  • Evans, G. Blakemore, (red.), The Riverside Shakespeare, Boston, 1974 (Houghton Mifflin).
  • Halliday, F. E., A Shakespeare Companion 1564-1964, Baltimore, Maryland, 1964, (Penguin).
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater