De Hertstochtlike Pylger

Ut Wikipedy
De Hertstochtlike Pylger
algemiene gegevens
oarspr. titel The Passionate Pilgrim
auteur ferskaat
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre dichtbondel
1e publikaasje 1599, Londen
oarspr. útjwr. William Jaggard

De Hertstochtlike Pylger, yn it Ingelsk: The Passionate Pilgrim, is in samling fan tweintich gedichten dy't yn 1599 publisearre waard troch William Jaggard. Op 'e foarside wurdt de hiele ynhâld taskreaun oan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, ek al waard de bondel útjûn sûnder dy syn tastimming.

Eins kinne lykwols mar fiif fan 'e gedichten as autentike Shakespeariaanske poëzij oantsjut wurde. Dêrby giet it om twa fan 'e sonnetten, dy't letter op 'e nij publisearre wurde soene as ûnderdiel fan 'e Sonnetten fan Shakespeare (te witten nû. 138 en 144); en om trije gedichten dy't ûntliend binne oan 'e komeedzje Leafde's Lêst Net Leanne.

Fierders kinne fiif gedichten mei wissichheid taskreaun wurde oan oare dichters: twa oan Richard Barnfield; ien oan Bartholomew Griffin; ien oan Thomas Deloney en de fyfde is in ferminging fan twa ûnderskate gedichten fan Christopher Marlowe en sir Walter Raleigh. Fan 'e oerbliuwende tsien gedichten wiene der twa earder anonym ferskynd yn oare bondels, wylst de oare acht op grûn fan skriuwstyl en taaleigen dreech taskreaun wurde kinne oan Shakespeare (al is dat fansels net foar hûndert persint ûnmooglik).

Jaggard brocht noch itselde jiers in twadde printinge op 'e merk, dy't er oanfolle hie mei gedichten dêr't er fan wist dat se fan Thomas Heywood wiene.

De beide sonnetten dy't ta De Hertstochtlike Pylger hearre, binne as ûnderdiel fan 'e Sonnetten fan Shakespeare oerset yn it Frysk troch Douwe Kalma, en binne ferskynd yn ûnderskate útjeften yn 1944, 1969 en 2005.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Sonnetten fen Shakespeare (oers. Douwe Kalma), Dokkum, 1944 (D.J. Kamminga), sûnder ISBN.
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. VIII: Coriolanus, Pericles, Cymbeline, Venis en Adonis, De Rôf fan Lucretia, Sonnetten en Fersen (oers. Douwe Kalma), Drachten, 1969 (Fryske Shakespeare Stifting), gjin ISBN.
  • Shakespeare, William, Sonnetten (fert. Douwe Kalma), Ljouwert, 2005 (Utjouwerij Bornmeer y.g.m. St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 978-9 05 61 51 089.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater