Edwert III (toanielstik)

Ut Wikipedy
Edwert III
algemiene gegevens
oarspr. titel Edward III
auteur Thomas Kyd?
William Shakespeare?
taal Ingelsk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun mids 1590-er jierren
1e publikaasje 1596, Londen

Edwert III, yn it Ingelsk: Edward III (folút eins: The Reigne of King Edward the Third, "It Regear fan Kening Edwert de Tredde"), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, dat basearre is op (in diel fan) it bewâld fan 'e Ingelske kening Edwert III, dy't regearre fan 1327 oant 1377. It stik waard yn 1597 anonym publisearre, wat net ûngewoan wie foar dy tiid. Der wurdt gauris beweard dat Edwert III foar in part of sels hielendal skreaun is troch de wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, en it stik wurdt sadwaande ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene.

Auteurskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet ûnder saakkundigen noch grutte ûniennichheid oer in mooglik Shakespeariaansk auteurskip, al liket in lytse mearderheid de teory oan te hingjen dat it stik it resultaat is fan in gearwurking tusken Shakespeare en syn kollega-toanielskriuwer Thomas Kyd. Ien fan 'e wichtichste arguminten tsjin in Shakepeariaansk auteurskip is dat Edwert III net opnommen waard mei hast alle oare stikken fan Shakespeare yn 'e gesachhawwende First Folio út 1623. Mar mei't der yn it stik nochal wat ôfjûn wurdt op Skotlân en de Skotten soe it wêze kinne dat Edwert III de oanlieding wie foar it brief dat George Nicolson, keninginne Elizabeth I har saakfertsjintwurdiger yn Edinburch, yn 1598 stjoerde oan 'e Ingelske kânselier William Cecil, wêryn't er him beklage oer de manear wêrop't Skotten op it Londenske toaniel portettearre waarden. Mei't yn 1603 de Skotske kening Jakobus VI (as Jakobus I) op 'e Ingelske troan kaam, soe it wêze kinne dat it John Heminges en Henry Condell, de gearstallers fan 'e First Folio, better talike hat om dit kontroversjele stik út harren samling wei te litten.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edwert III is opmakke út twa ûnderskate dielen. It earste part giet fierhinne oer de grevinne fan Salisbury, de frou fan 'e greve fan Salisbury, dy't fan 'e plonderjende Skotske ynfallers rêden wurdt troch Edwert III. De kening set har dêrnei lykwols ûnder druk om syn mêtresse te wurden, wat de grevinne wol nei fleanen liket. Hja besiket him ôf te skrikken troch te bluffen dat se it libben fan har man nimme sil as de kening it lichem fan syn frou nimt. As se lykwols ta har ôfgriis merkt dat Edwert dat wol in goed plan fynt, drigemintet se mei selsmoard as er har net gewurde lit. Ta einbeslút jout de kening dan útdrukking oan syn skamte foar syn eigen hâlden en dragen, en leit er him by har wil del.

It twadde part fan it stik, dat yn beskate sênes Shakespeare syn Hindrik V net wanlyk is, jout Edwert him by syn leger yn Frankryk, en besiket er mei in fjildtocht yn it ramt fan 'e Hûndertjierrige Oarloch de Frânske troan te bemasterjen. It perspektyf wikselet hjir tusken it Ingelske en it Frânske kamp, wêrby't de skynbere hopeleazens fan 'e Ingelske saak kontrastearret mei de heechkroppigens fan 'e Frânsen. Yn dit twadde part konsintrearret it stik him op Edwert III syn soan Edwert, byneamd de Swarte Prins, dy't stint en grynt oer de moraliteit fan 'e oarloch foar't er tsjin in ûnoerkomber lykjende fijân in grutte oerwinning behellet yn 'e Slach by Poitiers, wêrby't û.m. de Frânske kening Jan II kriichsfinzen nommen wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Melchiori, Giorgio (red.), The New Cambridge Shakespeare: King Edward III, Cambridge, 1998 (Cambridge University Press).
  • Sams, Eric, Shakespeare's Edward III: An Early Play Restored to the Canon, Yale, 1996 (Yale University Press).
  • Wells, Stanley, en Taylor, Gary, (mei John Jowett en William Montgomery), William Shakespeare: A Textual Companion, Oxford, 1987 (Oxford University Press).
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater