Judith Shakespeare

Ut Wikipedy
Judith Shakespeare
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Ingelsk
berne 2 febrewaris 1585 (doopt)
berteplak Stratford-upon-Avon (Ingelân)
stoarn 9 febrewaris 1662 (begroeven)
stjerplak Stratford-upon-Avon (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt húsfrou
reden
  bekendheid
dochter fan de toanielskriuwer
   William Shakespeare

Judith Shakespeare (doopt 2 febrewaris 1585 – begroeven 9 febrewaris 1662) wie in dochter fan 'e wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare en dy syn frou Anne Hathaway. Hja wie de jongere suster fan Susanna Shakespeare en de twillingsuster fan 'e jong ferstoarne Hamnet Shakespeare. Sy en Hamnet wiene neamd nei freonen fan 'e Shakespeares, in troud pear dat fan Hamnet en Judith Sadler hiet. Hamnet Sadler wie bakker te Stratford-upon-Avon.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oars as har heit en âldere suster Susanna wie Judith nei alle gedachten analfabeet, mei't der in notarieel dokumint út 1611 oerlevere is dat se op twa plakken ûndertekene hat mei in krús ynstee fan in hantekening.

De Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid, yn Stratford-upon-Avon, dêr't Judith Shakespeare troude (en dêr't sawol sysels as har âldelju begroeven lizzen).

Judith troude op 10 febrewaris 1616 mei Thomas Quiney, in wynkeapman en weard te Stratford-upon-Avon, yn 'e pleatslike Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid. De trouwerij fûn plak op fêsteljûn (in perioade fan trije dagen foàr Jiskewoansdei), wannear't der net troud wurde mocht sûnder spesjale frijstelling fan 'e tsjerke. Quiney bemachtige dy frijstelling net, hoewol't dat wierskynlik in flater fan 'e foargeande dûmny wie, en waard letter foar de tsjerklike rjochtbank yn Worcester dage. Mei't er dêr net op 'e stelde tiid ferskynde, waard er ekskommunisearre, al is net dúdlik oft dat ek foar Judicht gou. Yn elts gefal duorre de tsjerkeban net lang, want yn novimber 1616 wiene de Quiney's wer yn tsjerke om harren earste bern dope te litten.

Harren houlik begûn oars net botte goed: Thomas Quiney hie koart tefoaren by in oare frou, in Margaret Wheeler, in bern oanset. Sawol Margaret as har bern stoaren yn it kreambêd, en waarden begroeven op 15 maart 1616. Mei't seks bûten it houlik doedestiden as in misdie sjoen waard, moast Quiney op 26 maart foar it gerjocht ferskine, dêr't er tajoech fleislike mienskip mei Margaret Wheeler hân te hawwen. Hy waard feroardiele om trije sneinen efterinoar yn in wyt lekken foar de tsjerklike gemeente te ferskinen om iepentlik boete te dwaan. Fierders waard him troch de dûmny fan Bishopton in jildlike boete fan fiif skelling oplein, dy't as jelmis oan 'e earmen útdield waard.

It is net alhiel dúdlik wêr't de Quiney's har nei harren trouwen nei wenjen setten, mar Judith hie har heite cottage oan Chapel Lane, yn Stratford, yn besit, wylst Thomas sûnt 1611 in weardshûs pachte oan High Street. Yn july 1616 ruile Thomas fan hûs mei syn sweager William Chandler, en ferhuze er nei it boppehûs op 'e hoeke fan High Street en Bridge Street, yn in gebou dat The Cage ("De Koai") hjit. It is dit hûs dat tradisjoneel assosjearre wurdt mei Judith Shakespeare.

Doe't William Shakespeare yn 1616 stoar, liet er frijwol al syn besittings nei oan Judith har suster Susanna en de man. Men wol hawwe dat dat wie, om't er in skalk each op Thomas Quiney hie. It liket derop dat er dêr gelyk oan hie, want Quiney skynt wat in liddichgonger west te hawwen, dy't omtrint 1630 de pacht fan syn eigen hûs oan in oar oerdwaan woe, en dêrfan ôfholden wurde moast troch John Hall, Susanna har man, Thomas Nash, in oantroude neef fan Judith, en de dûmny Richard Watts, dy't mei in suster fan Quiney troud wie. Dat trijemanskip naam doe de pacht fan it hûs fan 'e Quiney's oer, nei't men oannimme mei om foar te kommen dat Quiney der noch oankomme koe.

Judith en Thomas Quiney krigen trije bern: Shakespeare Quiney (1616-1617), Richard Quiney (1618-1639) en Thomas Quiney jr. (1620-1639). It âldste jonkje stoar mei seis moanne, wylst de oare beide yn 1639 binnen njoggen dagen nei-inoar begroeven waarden, doe't se 21 en 19 jier âld wiene. Judith Shakespeare sels ferstoar yn 1662, en waard begroeven yn 'e Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid, al is de persize lokaasje fan har grêf net dúdlik. Oer it ferstjerren fan Thomas Quiney is neat bekend; der wurdt wol oer spekulearre dat er stoarn is yn 1662 of 1663, mei't yn dy jierren de oerlevere tsjerkedokuminten op it mêd fan begraffenissen yn Stratford-upon-Avon ûnfolslein binne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater