Teatse Holtrop

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Teatse Eeltsje Holtrop)
Teatse Holtrop
skriuwer
Teatse Holtrop yn 1901
Teatse Holtrop yn 1901
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Teerdze Eeltje Holtrop
echte namme Teatse Eeltsje Holtrop
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 desimber 1865
berteplak Drylts (Fryslân)
stoarn 11 novimber 1925
stjerplak Drylts (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen
foardrachten, poëzij, toaniel,
oersettings
bekendste
  wurk(en)
De Wylde Boerinne
Hamlet (fert.)
jierren aktyf ±18901925
offisjele webside
n.f.t.

Teatse Eeltsje Holtrop, ek wol Teerdze Eeltje Holtrop (Drylts, 27 desimber 1865 - dêre, 11 novimber 1925) wie in Frysk ûnderwizer, skriuwer en oersetter.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Holtrop hie in iensum, ûnmaatskiplik en troch dranksucht teistere libben. Hy wie in folksskriuwer mei satiryske trekjes en krige bekendheid troch syn novelle De Wylde Boerinne (1915), wêrfan't de bekroande Nederlânske oersetting yn De Gids fan jannewaris 1925 ferskynde. Treflik binne syn Shakespeare-oersettings Hamlet (1925) en Julius Caesar (1928). Fierders skreau er, foar in part ûnder de skûlnamme Gerben Goasses, foardrachten, puntdichten en inkele toanielstikken, mei dêrûnder In Faam mei Fjouwer Frijers (1913). In blomlêzing út syn wurk waard yn 1946 publisearre ûnder de titel Ynbannich Forwar, fersoarge en ynlaat troch Jan Tjittes Piebenga.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater