Hamnet Shakespeare

Ut Wikipedy
Hamnet Shakespeare
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Ingelsk
berne 2 febrewaris 1585 (doopt)
berteplak Stratford-upon-Avon (Ingelân)
stoarn 11 augustus 1596 (begroeven)
stjerplak Stratford-upon-Avon (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
reden
  bekendheid
soan fan 'e toanielskriuwer
   William Shakespeare

Hamnet Shakespeare (doopt 2 febrewaris 1585 – begroeven 11 augustus 1596) wie de iennichste soan fan 'e wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare en dy syn frou Anne Hathaway. Hy wie de jongere broer fan Susanna Shakespeare en de twillingbroer fan Judith Shakespeare. Hy stoar doe't er alve jier wie. Der besteane in protte teoryen oer hoe't Hamnet syn dea it wurk fan syn heit beynfloede hat.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is net folle bekend oer Hamnet. Hy en Judith waarden berne yn Stratford-upon-Avon, yn it greefskip Warwickshire, en doopt op 2 febrewaris 1585, yn 'e Stratforder Tsjerke fan 'e Hillige Trije-ienheid, troch in dûmny Richard Barton fan Coventry. Hy en Judith waarden neamd nei freonen fan 'e Shakespeares, in troud pear dat fan Hamnet en Judith Sadler hiet. Hamnet Sadler wie bakker te Stratford-upon-Avon.

Hamnet groeide wierskynlik op yn in hûs oan Henley Street yn Stratford, dat eigendom fan syn pake John Shakespeare wie. Hamnet waard, krekt as syn susters, fierhinne grutbrocht troch syn mem allinne, mei't syn heit tsjin 'e tiid dat er fjouwer jier wie al úteinset wie mei syn karriêre as toanielskriuwer yn it fiere Londen. Foar it neist gie Hamnet, as jonge út in ridlik begoedige fermidden, nei de legere skoalle en learde er lêzen en skriuwen. Soks lei doedestiden foar jonges folle mear yn 'e reden as foar famkes (der besteane oanwizings dat syn suster Judith analfabeet bleau). Op 11 augustus 1596 kaam Hamnet lykwols te ferstjerren ûnder in útbraak fan 'e bûdepest yn Stratford-upon-Avon. Hy wie doe alve jier (doedestiden stoar likernôch in trêdepart fan alle bern yn Ingelân foar de tsiende jierdei).

In njoggentjinde-iuwske gravuere dy't Shakespeare syn famyljerûnte ôfbyldet, mei Hamnet skean efter syn heit, lofts fan 'e midden.

Konneksjes tusken Hamnet en Shakespeare syn wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon Shakespeare-kenners spekulearje oer de relaasje dy't faaks bestien hat tusken Hamnet en syn heite toanielstik Hamlet, en ek oer it mooglike ferbân tusken Hamnet syn dea en eleminten yn 'e stikken Kening Jan, Romeo en Julia, Julius Caesar, Trijekeningejûn, Nei Jim Beleavjen, De Stoarm en De Keapman fan Feneesje.

Sokke teoryen konsintrearje harren op 'e trageedzje Hamlet, mar de tradisjonele opfetting dat Shakespeare syn fertriet oer de dea fan syn soan him oansette ta it skriuwen fan dit nearzige toanielstik, is nei alle gedachten net wier. Yn it foarste plak is Hamlet foar 't neist skreaun tusken 1599 en 1601, wat trije oant fiif jier nei Hamnet syn ferstjerren wie, en oard binne de nammen Hamnet en Hamlet dan wol sa goed as gelikens (en bestiet der bewiis dat se yn Shakespeare syn tiid trochinoar brûkt waarden), mar de namme Hamlet út it toanielstik is nei alle gedachten net ôflaat fan Hamnet Shakespeare, mar fan it personaazje Amleth, út 'e Skandinavyske leginde (optekene troch Sakso Grammatikus), dêr't Hamlet op basearre is.

Ek yn oare wurken fan Shakespeare hawwe wittenskippers spoaren fan 'e dea fan syn soan sjen wollen. Trijekeningejûn, bygelyks, giet oer in fanke dat mient dat har twillingbroer omkommen is by in skipbrek, mar úteinlik ûntdekt dat er sûn en wol is. Shakespeare-kenner Richard Wheeler hat de teory oppenearre dat de froulju dy't harsels ferklaaie as manlju (yn Trijekeningejûn, De Keapman fan Feneesje en Nei Jim Beleavjen) eins in werjefte binne fan it feit dat Shakespeare de hope dy't er foar syn soan hie, nei Hamnet syn ferstjerren oerbrocht op syn dochters. In oare saakkundige, Bill Bryson, wol hawwe dat de monolooch út 'e trêde akte fan Kening Jan, wêryn't hartoginne Konstânse fan Bretanje it ferlies fan har soan beklaget, ynspirearre wie troch de dea fan Hamnet (al is it net ûnmooglik dat Shakespeare Kening Jan skreau doe't Hamnet noch libbe).

Oare teoryen en fragen oangeande Hamnet yn Shakespeare syn wurk binne oft de sêne yn it stik Julius Caesar, wêryn't Caesar Markus Antonius adoptearret ta ferfanging fan syn eigen deade soan, mei Hamnet syn dea fan dwaan hat; oft Romeo en Julia soms as in tragyske werjefte fan 'e dea fan Hamnet sjoen wurde moat; en oft Alonso syn skuldgefoelens oer de dea fan syn soan, yn De Stoarm, wat mei Hamnet te krijen hat. Teffens soe it kinne dat Sonnet 37 in reäksje is op Hamnet syn ferstjerren, mei't Shakespeare dêr skriuwt:

Lyk in brekfallich heit mei blydskip sjocht
Nei 't jonkheidsskreppen fan syn krigel bern,
Sjoch ik, fan 't lot berôve fan myn nocht,
Dyn wearde en wierheid my ta treast beskern.
oersetting: Douwe Kalma (yn: De Sonnetten, Ljouwert, 2005 (Utjouwerij Bornmeer y.g.m. St. Elektroanyske Letteren Fryslân), ISBN 978-9 05 61 51 089)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater