Hindrik VIII (toanielstik)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kening Hindrik VIII fan Ingelân, skildere troch Hans Holbein de Jongere, omtrint 1537.

Hindrik VIII, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry VIII (folút eins: The Famous History of the Life of King Henry VIII), is in toanielstik dat ornaris as it resultaat fan 'e gearwurking tusken de wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare en syn kollega-toanielskriuwer John Fletcher sjoen wurdt (neffens stylistysk bewiismateriaal soene se allebeide fierhinne op eigen manneboet beskate sênes fan it stik skreaun hawwe). De orizjinele titel skynt All is True west te hawwen, en it stik krige syn tsjintwurdige titel pas doe't it yn 1623 ôfprinte waard yn 'e First Folio. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradysjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt.

Sa't de titel al oanjout, is dit stik basearre op it libben fan kening Hindrik VIII fan Ingelân, dy't regearre fan 1509 oant 1547. De skriuwers binne wat frij mei de ferhaalstof omgien. Sa treft Hindrik VIII yn it stik yn it gehiel gjin blaam; ynstee wurdt dat allegear Thomas Wolsey op 'e lea skood, de yn ûngenede fallen earste minister fan Hindrik VIII. (Soks wie fansels eins ek wer net mear as logysk, mei't yn Shakespeare syn tiid Hindrik syn dochter Elizabet op 'e troan siet. En je koene fansels net de heit fan 'e regearjende monarch ôfrinne litte.) De measte saakkundigen datearje Hindrik VIII yn 1613, doe't by de opfiering fan dit stik troch in kanonskot, dat brûkt waard as special effect, it reidtek fan it Globe Theatre te Londen flam fette en it oarspronklike skouboarchgebou oan 'e grûn ta ôfbaarnde. De earste publikaasje fûn lykwols pas plak yn 1623, as ûnderdiel fan 'e First Folio. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1965.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

It stik iepenet mei in blyk fan 'e fijânskip dy't bestiet tusken de ealman Buckingham en kardinaal Wolsey, Hindrik VIII syn earste minister. De kening linet bot op Wolsey wat it lânsbestjoer oangiet, en Wolsey makket dêr misbrûk fan troch in part fan 'e ine belesting efteroer te drukken. Keninginne Katerine besiket syn misdragings oan 'e kaak te stellen, en hellet har sa Wolsey syn wrok op 'e hals. Underwilens wurdt Buckingham oppakt op beskuldiging fan ferrie, eat dêr't Wolsey ek wer efter sit. Buckingham syn proses en feroardieling ta de dea wurde oan it publyk beskreaun yn in petear tusken twa nammeleaze hearen, wêrnei't de beklage sels opkomt en syn meistanners en it publyk farwol seit.

In faksimilee fan 'e earste side fan Hindrik VIII, út 'e First Folio (1623).

Nei't er Buckingham út 'e wei romme hat, set Wolsey de oanfal yn op keninginne Katerine. Hy trunet de kening oan om syn (bernleaze) houlik mei har neatich ferklearje te litten en set eigenhandich in gerjochtlik proses yn wurking om dat te berikken. Dêrta bringt er de kening yn 'e kunde mei de pauslik gesant kardinaal Campeius, dy't foar rjochter spylje sil. Boppedat soarget er dat Hindrik op in bal de jonge, kreaze Anne Boleyn treft (troch de toanielskriuwers trouwens konsekwint "Anne Bullen" neamd). Under it proses beskrobbet Katerine Wolsey foar syn hâlding foar har oer, mar de kening nimt syn minister yn beskerming en bringt op 't aljemint dat er sels ek twifels hat oer de jildichheid fan syn houlik. Katerine jout har mei steand seil ôf, wêrnei't it proses opskoarre wurdt. Letter konfrontearje Wolsey en Campeius har mank har hofdames, wêrby't sy op emosjonele wize protestearret tsjin har behanneling.

De hartoggen fan Norfolk en Suffolk, de greve fan Surrey en de keamerhear fan 'e kening spanne ûnderwilens gear tsjin Wolsey, en soargje derfoar dat in stikmannich brieven fan him oan 'e paus by de kening telâne komme. Ut dy brieven docht bliken dat Wolsey in dûbeld spul spilet en eins de paus stipet ynstee fan 'e kening. Hindrik is alhiel breinroer, en Wolsey beseft dat it der no net bêst mei him foar stiet. Hy stjoert syn hantlanger Cromwell fuort sadat er dy net meislepe sil yn syn fal.

De beide nammeleaze hearen keare werom om it publyk op 'e hichte te bringen fan 'e kroaning fan Anne Boleyn ta keninginne. In trêdenien jout him by harren en bringt noch mear geroften oan, oer de opkomst fan Thomas Cromwell yn 's kenings geunst en gearspannings tsjin Thomas Cranmer, de aartsbiskop fan Canterbury. Underwilens is keninginne Katerine siik rekke. As kardinaal Campeius har besiket, sprekt se lykwols har oanhâldende trou oan 'e kening út, ek al hat dy him fan har skiede litten. Teffens winsket se de nije keninginne it bêste ta.

De kening ûntbiedt in senuweftige Cranmer, en sprekt syn stipe foar de man út. Letter, as leden fan 'e Keningsrie de aartsbiskop ûnfoech behannelje, set Hindrik harren teplak. Anne Boleyn skinkt it libben oan in dochterke, de takomstige keninginne Elizabet. It stik einiget mei in beskriuwing fan 'e ûnbidige en entûsjaste minskemassa's dy't by de doop fan it lytse prinseske op 'e foet komme.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

Henry VIII waard ûnder de titel Kening Hindrik VIII yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1965 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. V, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare Shakespeariaanske keningsstikken, lykas Hindrik IV, Diel 1, Hindrik IV, Diel 2, Hindrik V en Richard II.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. V: Keningsstikken: Kening Richard II, Kening Jan, Kening Hindrik IV (1), Kening Hindrik IV (2), Kening Hindrik V, Kening Hindrik VIII, Drachten, 1965 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.
Wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream |
Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten
Shakespeariaanske apokrifa
gedichten: In Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikken: Arden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton |
Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
Oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love |
Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater