Hear Thomas Cromwell

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De foarside fan 'e twadde útjefte út 1613 fan Thomas Lord Cromwell.

Hear Thomas Cromwell, yn it Ingelsk: Thomas Lord Cromwell (eins folút: The True Chronicle History of the Whole Life and Death of Thomas Lord Cromwell, "De Wiere Kronykskiednis fan it Hiele Libben en de Dea fan Hear Thomas Cromwell"), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, oer Thomas Cromwell, greve fan Esseks, de kânselier fan 'e Ingelske kening Hindrik VIII. It stik bestiet fierhinne út polityk kommentaar of, as men it fan in oare kant besjocht, anglikaanske religieuze propaganda. It is ûndúdlik wannear't Hear Thomas Cromwell krekt skreaun is; guon saakkundigen wolle it sa ier datearje as 1582-1583, wylst oaren miene dat it yn 1599-1600 skreaun wêze moat. Yn elts gefal waard it registrearre yn it Stationers' Register, de gesachhawwende útjouwerskatalogus fan dy tiid, yn 1602, en letter datselde jiers foar it earst publisearre troch de boekferkeaper William Cotton.

Auteurskip[bewurkje seksje | edit source]

Op 'e foarside fan Cotton syn útjefte stiet fermeld dat it stik opfierd waard troch it ferneamde teäterselskip de Lord Chamberlain's Men, en wurdt de skriuwer neamd as "W.S." Op 'e foarside fan in twadde útjefte, út 1613, troch Thomas Snodham, wurdt op 'e nij oanjûn dat "W.S." de skriuwer is, al binne de Lord Chamerlain's Men no de King's Men wurden (dat is itselde teäterselskip; de nammeferoaring fûn plak yn 1603). "W.S." waard foar it earst identifisearre mei de wiidferneamde toanielskriuwer William Shakespeare, doe't útjouwer Philip Chetwinde Hear Thomas Cromwell yn 1664 tafoege oan 'e twadde printinge fan syn saneamde Third Folio fan Shakespeare syn wurk. Sadwaande wurdt dit stik ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene, al wize moderne saakkundigen de taskriuwing oan Shakespeare frij algemien fan 'e hân. Men spekulearret dat "W.S." ynstee foar Wentworth Smith of William Sly stien hawwe koe. Ek Thomas Heywood en Michael Drayton binne wol neamd as mooglike skriuwer, mar dy suggestjes ûntbrekt it oan ûnderbouwing.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Logan, Terence P., en Smith, Denzell S., The Popular School: A Survey and Bibliography of Recent Studies in English Renaissance Drama, Lincoln, Nebraska, 1975 (University of Nebraska Press).
  • Maxwell, Baldwin, Studies in the Shakespeare Apocrypha, New York, 1956 (King's Crown Press).
  • Tucker Brooke, C.F. (red), The Shakespeare Apocrypha, Oxford, 1908 (Clarendon Press).
Wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream |
Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten
Shakespeariaanske apokrifa
gedichten: In Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikken: Arden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton |
Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
Oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love |
Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater