Springe nei ynhâld

Binnenhôf

Ut Wikipedy
It Binnenhôf yn de jûntiidsskimer.

It Binnenhôf is in fan oarsprong midsiuwsk gebouwekompleks yn De Haach, dat al iuwenlang it sintrum fan de Nederlânske en Hollânske polityk is. It is ûntstien troch de bou (tusken 1230 en 1234) fan in kastiel troch de greven fan Hollân, dy't der sûnt de 13de iuw harren residinsje hiene. Ek troch de Republyk fan de Feriene Nederlannen (1579-1795) en it yn 1815 foarme Keninkryk fan de Nederlannen waard dizze lokaasje as bestjoerssintrum oanhâlden. Hjoeddedei binne sawol de Earste as de Twadde Keamer, it ministearje fan Algemiene Saken, de ministerried, de Ried fan Steat en it kantoar fan de minister-presidint oan it Binnenhôf fêstige. It Binnenhôf is it âldste parlemintsgebou yn de wrâld dat noch hieltyd brûkt wurdt.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gebouwen op het Binnenhof. Parlement & Politiek. Rieplachte op 5 maart 2018.