Tryntsje van der Zee

Ut Wikipedy
Tryntsje van der Zee
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tryntsje van der Zee-De Boer
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 29 july 1940
berteplak Penjum (Fryslân)
stoarn 28 novimber 2009
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
aktyf as oersetster
jierren aktyf 19832009
bekendste
  wurk(en)
Hamlet
In Protte Spul om Neat
It Kersehôf
prizen dr. Obe Postmapriis 2008

Tryntsje van der Zee-De Boer (Penjum, 29 july 1940 - Ljouwert, 28 novimber 2009) wie in Fryske oersetster.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se sette sa'n sechtich Nederlânske en bûtenlânske toanielstikken oer nei it Frysk foar toanielselskip Tryater en in soad oare Fryske amateurselskippen, lykas it Burgumer Iepenloftspul. Begûn as sekretaresse by Tryater, dêr't har man Pyt van der Zee artistyk lieder wie. Neidat se earste teksten kontrolearre, is se begûn mei it sels oersetten. Dêrneist wurke se as taalkorrektor en taalwacht foar Tryater.

Underskiedingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2008 is Tryntsje van der Zee foar har fertsjinsten beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Ek krige se dat jier de dr. Obe Postmapriis takend foar har oersettings fan toanielstikken yn de trije jier dêrfoar. Neffens de sjuery hat se mei har oansprekkende taalgebrûk bydroegen oan it súkses fan Tryater.

Oersette wurken (in kar)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

allinnich
yn 'e mande mei Pyt van der Zee

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: