Hindrik VI (toanielstik), Diel 2

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lord Saye en Sele foar Jack Cade brocht, 4 july 1450, troch Charles Lucy (1884).

Hindrik VI, Diel 2, yn it oarspronklike Ingelsk: Henry VI, Part 2 (folút eins: The Second Part of Henry VI), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is yn prinsipe in trageedzje, hoewol't it yn 'e tradysjonele yndieling fan Shakespeare syn wurk ûnder de Shakespeariaanske histoaryske stikken falt. Sa't de titel al oanjout, is dit stik it twadde diel fan 'e toanieltrilogy dy't basearre is op it tumultueuze libben en bewâld fan kening Hindrik VI fan Ingelân, dy't regearre fan 1422 oant 1461. It wurdt gauris mei Hindrik VI, Diel 1 en Diel 3 en mei Richard III gearfoege ta in tetralogy (rige fan fjouwer stikken) dy't de hiele perioade fan 'e Roaze-oarloggen beslacht, fan 1455 oant 1485. It wie it súkses fan dizze opienfolging fan toanielstikken wêrmei't Shakespeare syn namme as toanielskriuwer fêstige.

Hindrik VI, Diel 2 begjint mei it houlik fan Hindrik VI mei de Frânske ealfrouwe Margareta fan Anzjû, yn 1445, en einiget mei it bloedbad dat de yorkisten ûnder de lankestrianen oanrjochten yn 'e Earste Slach by St. Albans, yn 1455, dat ornaris as it begjin fan 'e Roaze-oarloggen sjoen wurdt. It toanielstik giet benammentlik yn op it ûnfermogen fan Hindrik VI om syn eallju ûnder de tomme te hâlden, wat úteinlik de boargeroarloch tusken de beide tûken fan it Ingelske keningshûs mooglik makket. Hoewol't Hindrik VI, Diel 2 basearre is op histoaryske feiten, stie Shakespeare himsels aardich wat frijheden ta mei de stof, dat it ferhaal moat net foar wier oannommen wurde. Dit toanielstik hat it grutste tal spilers fan al Shakespeare syn stikken, en wurdt yn 'e regel beskôge as fierwei it bêste fan 'e Hindrik VI-trilogy. Hindrik VI, Diel 2 is nei gedachten yn 1591 skreaun, en waard foar it earst útjûn yn 1594. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1963.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

It stik iepenet dêr't Hindrik VI, Diel 1 ophold, mei it houlik tusken kening Hindrik VI fan Ingelân en de Frânske prinsesse Margareta fan Anzjû. Sy is de protezjee (en, sa wurdt ynsinuëarre, de minneresse) fan 'e hartoch fan Suffolk, dy't fan doel is om troch har de kening te beynfloedzjen. It wichtichste obstakel op 'e wei nei dat doel ta is de hartoch fan Gloucester, in omke fan 'e kening, dy't de titel fan beskermhear (Lord Protector) fan Ingelân hat, en dy't tige by tige populêr is ûnder it miene folk. Boppedat hat er it fertrouwen fan 'e kening. Gloucester syn frou Eleönoara is lykwols ûnbidige ambisjeus en wol har man op 'e troan sjen.

In faksimilee fan 'e earste side fan Hindrik VI, Diel 2, út 'e First Folio (1623).

Troch in agint fan Suffolk wurdt se oantrune om dat mei tsjoenderspraktiken te bewurkmasterjen, mar as se in geast opropt, wurdt it ritueel ûnderbrutsen troch Suffolk syn mannen, dy't har oppakke foar hekserij. Se komt derfan ôf mei fan it Keninklik Hof ferballe te wurden, mar Gloucester is troch it hiele barren slim yn ferlegenheid brocht. Dêrop spant Suffolk gear mei de hartoch fan Somerset en mei kardinaal Beaufort, de biskop fan Winchester om Gloucester yn it ferdjer te stoarten. Suffolk beskuldiget Gloucester fan ferrie en lit him oppakke, mar ear't it ta in proses komme kin, stjoert er twa hiermoardners dy't Gloucester yn syn sel deadogge. Wylst dat allegear plakfynt, bringt de hartoch fan York, de grutte fijân fan Somerset, oan 'e greven fan Salisbury en Warwick út dat hy fan doel is en gryp de troan. De beide eallju sizze him harren stipe ta.

Foar syn rol by de moard op Gloucester wurdt Suffolk ferballe, wylst kardinaal Beaufort siik wurdt en stjert. Keninginne Margareta swart Suffolk dat se soargje sil dat er mei gauwens út syn ballingskip weromkeare mei, mar op syn ôfreis út Ingelân wurdt Suffolk syn skip oerfallen troch seerôvers en hysels finzen nommen en ûnthalze. Syn holle wurdt de keninginne tastjoerd. Underwilens is York oansteld as befelhawwer fan it leger dat in opstân yn Ierlân delslaan moat. Foar't er ôfset, oarderet er in eardere ûnderhearrige fan him, Jack Cade, om in folksopstân yn Kent te begjinnen. Yn 't earstoan giet it mei de opstân foar de wyn, en Cade beneamt himsels ta boargemaster fan Londen. Mar as Clifford, ien fan 'e eallju dy't de kening trou bleaun binne, it miene folk oerhellet om nei hûs te gean, is it gau dien mei Cade. Hy moat fan ruten spylje en wurdt in pear dagen letter deade troch de eigner fan 'e tún dy't er ynkrongen wie op 'e sneup nei iten.

Dan keart York mei syn leger werom út Ierlân, sabeare om 'e kening te beskermjen tsjin 'e keunsten fan 'e ferriedlike Somerset. York seit dat er syn leger ûntbine sil sadree't Somerset oppakt wurdt, mar dat bart net en dêrop makket York syn oanspraak op 'e troan iepenbier, yn 'e mande mei syn soannen Edwert en Richard (de lettere keningen Edwert IV en Richard III). De Ingelske eallju reitsje ferdield yn twa partijen, ien dy't York syn oanspraak stipet, en in oaren dy't trou bliuwt oan it regearjende Hûs fan Lankester. By St. Albans, benoarden Londen, komt it ta in treffen wêrby't de yorkisten de lankestrianen oer it mad komme. In grut part fan 'e lankestriaanske adel wurdt ôfslachte, en dêrby fine ek Somerset en Clifford de dea. It stik einiget as Margareta de ferbûke kening bepraat om halje-trawalje nei Londen te flechtsjen, wêrby't se beselskippe wurde troch de soan fan Clifford, dy't swart dat er syn heite dea wreekje sil mei yorkistysk bloed.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

Henry VI, Part 2 waard ûnder de titel Kening Hindrik VI (diel II) yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1963 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. IV, yn 'e mande mei de fertalings fan in pear Shakespeariaanske komeedzjes en fan guon oare Shakespeariaanske keningsstikken, lykas Hindrik VI, Diel 1, Hindrik VI, Diel 3 en Richard III.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Shakespeare, William, Shakespeare's Wurk Dl. IV: Lette Komeedzjes: It Winterjounsteltsje, De Stoarm; Keningsstikken: Kening Hindrik VI (diel I, II en III), Kening Richard III, Drachten, 1963 (Fryske Shakespeare Stifting), sûnder ISBN.

foar de wiere skiednis fan Hindrik VI, sjoch:

  • Ackroyd, Peter, The History of England, Volume I: Foundation, Londen, 2011 (Pan Macmillan), ISBN 978-0 33 05 44 283.
Wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream |
Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten
Shakespeariaanske apokrifa
gedichten: In Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikken: Arden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton |
Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
Oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love |
Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater