Jongfryske Mienskip

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Jongfryske Mienskip (ôfkoarte: JFM) is in organisaasje dy't him ynset foar de Fryske taal en identiteit. Yn 2006 hie de JFM sa likernôch 100 leden.[1] De JFM is in oansletten selskip fan de Ried fan de Fryske Beweging.

[bewurkje seksje] Skiednis

Wykein leden fan de Jongfryske Mienskip oan 'e Snitser mar; oan 'e wâl û.o. Douwe Kalma (mei hoed) en Tsjisse de Jager (yn bûsgroentsje mei pet op)

De JFM waard yn novimber 1915 oprjochte nei krityk op it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse út 1844. De spotnamme Jongfriezen waard troch de Mienskip as geuzenamme brûkt. It doel fan de Jongfriezen wie om mei nij elan de Fryske striid oan te gean en de Fryske literatuer op in heger peil te bringen. Mei as biedwurd “Fryslân en de wrâld“ moast de Fryske literatuer in lykweardich plak besykje te krijen tusken de oare nasjonale literatueren.

Fedde Schurer, Eeltsje Boates Folkertsma en Douwe Kalma hearden by de oprjochters dy't it net iens wiene mei it doel en de praktyk fan it Selskip. Yn it earstoan waarden hieltyd mear jongerein lid, mar troch koerswikselingen gienen der letter ek wer in soad by wei, bg. nei it Kristlik Frysk Selskip en It Roomsk Frysk Boun (1917).

Yn it begjin fan de tweintiger jierren kaam de grutte bloeitiid, dêrnei it ferfal. It tydskrift ‘Frisia’ wie yn it tiidrek 1917-1936 it literêr poadium fan de Jongfriezen. Yn 1935 waard de JFM in krite fan it Ald Selskip, dat yn it earstoan sa fûl kritisearre waard. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de JFM wer selsstannich.[2] Yn 1945 wie de JFM ien fan de mei-oprjochters fan de Ried fan de Fryske Beweging.

By in iepenbiere gearkomste yn Ljouwert yn 1951 waard in nij Mienskips-karbrief presintearre. Yn it karbrief waard omtinken jûn oan de offisjele erkenning fan it bestean fan it nasjonale Fryslân en syn taal, de ekonomyske belangen fan Fryslân, en de Fryske keunst en kultuer.[3] Yn itselde jier ferskynde foar it earst it mienskipstydskrift ‘Lyts Frisia’ mei as ûndertitel ‘Tydskrift foar Fryske striid en literatuer’.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jongfryske Mienskip op de webside fan de Ried fan de Fryske Beweging
  2. Ljouwerter Krante fan 31-12-1965, side 26, De Jongfryske Mienskip
  3. Ljouwerter Krante fan 02-01-1951, side 3, De Jongfryske Mienskip
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels