Realisme (literatuer)

Ut Wikipedy
In Frysk realistyske skriuwer: Waling Dykstra (yn 1871)

Realisme is in literêre streaming dy't besiket de wurklikheid sa autentyk mooglik wjer te jaan. Dy streaming wie in reaksje op de Romantyk, dêr't idealisearring fan de subjektive belibbing sintraal yn stie.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan de ein fan de njoggentjinde iuw wie it realisme in ynfloedrike en maatskippij-krityske streaming. In soad realistyske skriuwers wiene marksist. Yn harren literatuer wurde minsken út alle lagen fan de maatskippij werjûn. De hegere klassen of respektearre archetype (dy't foarhinne it ûnderwurp fan in soad literatuer wiene) waarden no op alledeiske wize beskreaun, lykas in filosoof dy't gewoan thús mei de bern is.

De roman Middlemarch fan George Eliot wurdt oer it generaal as in mylpeal yn de realistyske tradysje beskôge. Yn de Frânske literatuer wurdt Honoré de Balzac sjoen as de pionier fan it realisme. It realisme komt ek werom yn de Fryske literatuer, wichtige skriuwers dêr wiene ûnder oare Waling Dykstra, Hjerre Gjerrits van der Veen, Tsjibbe Gearts van der Meulen en Piter Jelles Troelstra. Fral Troelstra liet in sterke maatskippij krityske hâlding sjen; hy wie dan ek master yn 'e rjochten en sosjalistysk politkus (sa wie er mei-oprjochter fan de SDAP). De bildungsroman is wichtich yn it realisme. Yn Nederlân wiene De Tachtigers in wichtige beweging dy't it realisme (en ek it naturalisme) as útgongspunt namen.

Guon wittenskippers miene dat it naturalisme de literêre streaming wie dy't it realisme opfolge, oaren sizze dat it naturalisme allinne mar in ferdjipping en radikalisearring is fan it realisme.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De skriuwer besiket in folsleine objektiviteit en realistyske wjerjefte te beriken oan de hân fan dokumintaasje en ûndersyk. Hy basearret him faak op echte barrens.
  • De skriuwer wol de lêzer oerstjûgje.
  • It ferhaal spilet him hjir en no ôf.
  • De skriuwer besiket him yn it personaazje yn te libjen om in sa realistysk mooglik byld derfan te jaan.

Realisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dútske auteurs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frânske auteurs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fryske auteurs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ingelske auteurs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlânske auteurs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Russyske auteurs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]