Jongfryske Mienskip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jongfriezen)
Logo fan de Jongfryske Mienskip

De Jongfryske Mienskip (ôfkoarte: JFM) is in feriening dy't him ynset foar de lykberjochting fan it Fryske folk. Yn 2017 hie de JFM sa likernôch 70 leden.[1] De Jongfryske Mienskip organisearret aktiviteiten foar syn leden en jout fjouwer kear yn 't jier Nij Frisia ('tydskrift foar Fryske striid en literatuer') út. De feriening set him ek juridysk yn foar de rjochten fan de Fryske minderheid, sawol yn Nederlân as yn Dútslân.[2] De JFM is in oansletten selskip fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De feriening Jongfryske Mienskip organisearret útwiksels mei oare organisaasjes út de ferskillende Fryske lannen. Dy searje útwiksels neamt de feriening Explore the North. Dêrneist hat de feriening projekten op 't mêd fan de Fryske taal & identiteit.

Nij Frisia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It tydskrift ‘Frisia’ wie yn it tiidrek 1917-1936 it literêr poadium fan de Jongfriezen. Yn 1951 ferskynde foar it earst it mienskipstydskrift ‘Lyts Frisia’ mei as ûndertitel ‘Tydskrift foar Fryske striid en literatuer’. By de gearkomste fan de Jongfryske Mienskip fan 1 maart 2014 waard de namme fan it tydskrift Lyts Frisia feroare yn Nij Frisia.[3] Nij Frisia ferskynt fjouwer kear yn 't jier.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Earste karbrief (1916-1951)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Leden fan de JFM oan 'e Snitser mar; oan 'e wâl û.o. Douwe Kalma (mei hoed) en Tsjisse de Jager (yn bûsgroentsje mei pet op).

De JFM waard yn novimber 1915 oprjochte nei krityk op it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse út 1844. De spotnamme Jongfriezen waard troch de Mienskip as geuzenamme brûkt. It doel fan de Jongfriezen wie om mei nij elan de Fryske striid oan te gean en de Fryske literatuer op in heger peil te bringen. Mei as biedwurd “Fryslân en de wrâld“ moast de Fryske literatuer in lykweardich plak besykje te krijen tusken de oare nasjonale literatueren. Fedde Schurer, Eeltsje Boates Folkertsma en Douwe Kalma hearden by de oprjochters dy't it net iens wiene mei it doel en de praktyk fan it Selskip. Yn it earstoan waarden hieltyd mear jongerein lid, mar troch koerswikselingen gienen der letter ek wer in soad by wei, bg. nei it Kristlik Frysk Selskip en It Roomsk Frysk Boun (1917).

Yn it begjin fan de tweintiger jierren kaam de grutte bloeitiid, dêrnei it ferfal. Yn 1935 waard de JFM in krite fan it Ald Selskip, dat yn it earstoan sa fûl bekritisearre waard. Nei de Twadde Wrâldkriich waard de JFM wer selsstannich.[4] Yn 1945 wie de JFM ien fan de mei-oprjochters fan de Ried fan de Fryske Beweging. Yn de jierren 1945-1951 hat de Jongfryske Mienskip in meidielingsblêd. Douwe Kalma skriuwt yn dy tiid sa'n 170 artikels foar dat meidielingsblêd.

Twadde karbrief (1951-2012)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By in iepenbiere gearkomste yn Ljouwert yn 1951 waard in nij Mienskips-karbrief presintearre. Yn it karbrief waard omtinken jûn oan de offisjele erkenning fan it bestean fan it nasjonale Fryslân en syn taal, de ekonomyske belangen fan Fryslân, en de Fryske keunst en kultuer.[5] Yn Lyts Frisia waard yn dizze tiid ynformaasje jûn oer oare Europeeske minderheden en harren stribjen nei selsbeskikking. It tydskrift oppenearre him ek op 't literêre mêd mei ferhalen en dichtwurken yn it Frysk. Ut en troch waarden ek dichtwurken út Grinslân en oare Fryslannen publisearre yn Nij Frisia. Under it twadde karbrief oppenearret de Jongfryske Mienskip him benammen troch it kanaal fan de yn 1945 oprjocht Ried fan de Fryske Beweging.

Yn 2016 kamen leden fan de Jongfryske Mienskip mei East-Friezen yn aksje op Boarkum.

Tredde karbrief (2012-no)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 14 febrewaris 2012 waard it tredde karbrief fan de Jongfryske Mienskip fêststeld by de Algemiene Ledegearkomste.[1]

De eardere gemeente Wymbriseradiel naam yn maaie 2008 in beslút ta ynfiering fan Fryske plaknammen, mar stelde de offisjele skriuwwize fan de plaknammen net fêst. Op 1 jannewaris 2011 waard Wymbritseradiel opheven en ûnderdiel fan de nije gemeente Súdwest-Fryslân. Omdat it neffens de gemeente Súdwest-Fryslân om in beliedsfoarnimmen fan Wymbritseradiel gong waarden de Fryske plaknammen yn de nije gemeente Súdwest-Fryslân net ynfierd.[6] Troch ûnder oaren de Topografyske Wurkgroep Fryslân en de Feriening Frysk Underwiis waard in fersyk yntsjinne om in steatsrjochtlik ûndersyk nei de plaknammen útfiere te litten.[7] Yn febrewaris 2013 gong de Jongfryske Mienskip nei de bestjoersrjochter om it eardere riedsbeslút fan de gemeente Wymbritseradiel ôf te twingen.[8]Yn juny 2015 hat de Jongfryske Mienskip besletten om in fûns op te rjochtsjen om dêrút de kosten fan rjochtsaken by de boargerrjochter betelje te kinnen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Webside Jongfryske Mienskip mei in algemiene beskriuwing fan de feriening
  2. Webside Jongfryske Mienskip mei ynformaasje oer de feriening
  3. Webside Jongfryske Mienskip oer Nij Frisia
  4. Ljouwerter Krante fan 31-12-1965, side 26, De Jongfryske Mienskip
  5. Ljouwerter Krante fan 02-01-1951, side 3, De Jongfryske Mienskip
  6. Riedsferslach gemeenteriedsgearkomste Súdwest-Fryslân fan 26 maaie 2011
  7. Steatsrjochtlik ûndersyk plaknammen Wymbrits
  8. Ljouwerter Krante fan 11 febrewaris 2013: Rechter buigt zich over namenkwestie Súdwest keppeling