Twadde Brief oan de Tessalonikers

Ut Wikipedy
Twadde Brief oan de Tessalonikers
algemiene gegevens
oarspr. titel Β' Επιστολή προς Θεσσαλονικείς
("Bēta Epistoli pros
            Thessalonikeis")
auteur Paulus (?)
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 5254 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Earste Brief oan de Tessalonikers
● folgjend diel Earste Brief oan Timóteüs
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Twadde Brief oan de Tessalonikers
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

It Twaddee Brief oan de Tessalonikers, yn it oarspronklike Gryksk: Β' Επιστολή προς Θεσσαλονικείς, Bēta Epistoli pros Thessalonikeis, ek wol koartwei 2 Tessalonikers neamd, is it fjirtjinde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de njoggende fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit koarte brief skreaun hat, bestiet bot twifel oer. It probleem is dat 2 Tessalonkers kwa struktuer en taaleigen suver tefolle op 1 Tessalonikers liket, krekt hat de skriuwer dat mei opsetsin neibeard, wylst de lear dy't deryn útdroegen wurdt dy fan 1 Tessalonikers op punten liket tsjin te sprekken.

Likegoed wurdt 2 Tessalonikers troch de measte hjoeddeiske bibelwittenskippers en teologen as autentyk beskôge, ek al om't gesachhawwende ier kristlike saakkundigen as Irenaeus en Marsion it sûnder foarbehâld as kanonyk akseptearren. 2 Tessalonikers is nei alle gedachten koart nei 1 Tessalonikers yn it Grykske Korinte skreaun, tusken 52 en 54 (itsij troch Paulus sels, itsij troch ien fan syn meiwurkers yn syn namme). Hy wie rjochte oan 'e kristlike gemeente yn it Masedoanyske Tessaloniky, dy't troch Paulus sels stifte wie (sjoch: Hannelingen 17:1-9). De earste folsleine Fryske oersetting fan 2 Tessalonikers stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

De apostel Paulus dy't syn brieven skriuwt, op in skilderij út 'e 16de iuw. (Yn wurklikheid diktearre Paulus syn brieven oan in slaaf.)

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as by 1 Tessalonikers fernijt Paulus dat er it brief mei út namme fan syn meiwurkers Timóteüs en Silas skriuwt. Nei in groetnis (2 Tess. 1:1-2) en in tanksizzing en foarbea (2 Tess. 1:3-12), set er útein mei in learend stik oangeande de werkomst fan Jezus Kristus (2 Tess. 2:1-12). Ut 2 Tess. 2:1-2 kin ôflaat wurde dat de Tessalonikers ûnder de ynfloed fan in dwaallear kommen wiene, dy't úthold dat de werkomst fan 'e Kristus al plakfûn hie. Paulus korrizjearret dy flater en leit de Tessalonikers út dat der gjin twifel oer bestean koe as de Kristus wier al werkommen wie, mei't der foartiid grutte tsjinrampen oer de hiele minskheid komme sille. Om't soks noch net bard is, is it simpelwei ûnmooglik dat de werkomst al plakfûn hat. Mei in fermoanjend stik (2 Tess. 2:13-3:15) ropt Paulus de gemeente yn Tessaloniky op om fêst te hâlden oan it evangeelje sa't hy it oan har útdroegen hat. Hy beslút it brief mei in groetnis en in seiniging (2 Tess. 3:16-18).

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan 2 Tess. 2:1-8 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan 2 Tessalonikers stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 2 Tessalonikers waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering