Tredde Brief fan Jehannes

Ut Wikipedy
Tredde Brief fan Jehannes
algemiene gegevens
oarspr. titel Γ' Επιστολή του Ιωάννου
("Gamma Epistoli tou Ioannou")
auteur Jehannes (evangelist)
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 9899 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Twadde Brief fan Jehannes
● folgjend diel Brief fan Judas
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Tredde Brief fan Jehannes
publikaasje 1913, yn Yn Us Eigen Tael
oersetter Eeltsje Boates Folkertsma

It Tredde Brief fan Jehannes, yn it oarspronklike Gryksk: Γ' Επιστολή του Ιωάννου, Gamma Epistoli tou Ioannou, ek wol koartwei 3 Jehannes neamd, is it 25ste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de 20ste fan 'e brieven, en de sechsde fan 'e Algemiene Seinbrieven. 3 Jehannes wurdt tradisjoneel taskreaun oan 'e apostel Jehannes6100). Oant de fyfde iuw bestiene der twifels oer de echtheid fan dit brief, mar de tekst komt kwa taaleigen en skriuwstyl sa bot oerien mei fral 2 Jehannes, mar ek mei 1 Jehannes en it Evangeelje fan Jehannes, dat de grutte mearderheid fan 'e hjoeddeiske saakkundigen it deroer iens is dat se fan 'e hân fan deselde skriuwer binne (de Iepenbiering fan Jehannes wykt folle mear ôf en oer it auteurskip dêrfan besteane dan ek mear twifels). Wêr't bibelwittenskippers en teologen it lykwols net oer iens binne, is oft de evangelist Jehannes, dy't dus dizze fjouwer geskriften skreaun hawwe moat, wol deselde wie as de apostel Jehannes. 3 Jehannes wurdt yn 'e regel datearre om 98 of 99 hinne. De earste folsleine Fryske oersetting fan 3 Jehannes wie fan 'e hân fan Eeltsje Boates Folkertsma, dy't him yn 1913 publisearre yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

3 Jehannes is ien fan 'e koartste boeken fan 'e Bibel. It is in priveebrief oan in man dy't fan Gajus hjit, mar oer wa't fierders neat bekend is. De tekst set útein mei de wurden: "Dit skriuw ik, de âldste, oan myn bêste freon Gajus, dy't ik oprjocht leafhaw" (3 Jeh. 1:1). Nei in groetnis en ynlieding (3 Jeh. 1:1-4) wurdt by Gajus in groepke omreizgjende kristenen oanrikkemandearre, laat troch in Demetrius, dy't yn 'e omkriten fan Gajus syn wenplak it evangeelje preekje wolle (3 Jeh. 1:5-8). Dêrnei warskôget Jehannes Gajus foar in man dy't fan Diótrefes hjit, en dy't wegeret om mei him (Jehannes) gear te wurkjen (3 Jeh. 1:9-12). It brief beslút mei de hope dat de skriuwer Gajus mei gauwens persoanlik treffe sil, folge troch in groetnis (3 Jeh. 1:13-15).

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1913 sette Eeltsje Boates Folkertsma alle trije brieven fan Jehannes yn har gehiel oer en publisearre se yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael. Dy oersetting kaam neitiid yn it Nije Testamint fan Folkertsma en dû. Geart Aeilco Wumkes te stean, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 3 Jehannes waard dêrby dien troch drs. H.J. Brouwer, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering