Algemiene Seinbrieven

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Algemiene Seinbrieven beslane 7 fan 'e 21 brieven yn it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. Dêrby giet it om 'e folgjende geskriften:

Dizze brieven wurde oantsjut as "algemien" om't se grutdiels bestimd lykje te wêzen foar de kristenen yn it algemien ynstee fan foar ien inkelde gemeente (sa't dat mei de Brieven fan Paulus it gefal is). Utsûnderings op dat mêd binne 2 Jehannes, dy't skreaun is oan "de útkarde frou" (men spekulearret wol dat dêrmei de tsjerke sels bedoeld wurdt), en 3 Jehannes, dy't skreaun is oan in Gajus, waans identiteit fierders ûnbekend is. De brieven wurde tradysjoneel taskreaun oan Jakobus en Judas, de bruorren fan Jezus, en de apostels Petrus en Jehannes.

De kanonykheid fan 'e Algemiene Seinbrieven wurdt net algemien oanfurde. Sa tinke in protte saakkundigen dat 2 Petrus in pseudepigraaf is, wylst Marten Luther Jakobus en Judas (yn 'e mande mei Hebreeërs en de Iepenbiering fan Jehannes) as apokryf beskôge, sadat dy fjouwer boeken hjoed de dei yn lutherske bibels noch altyd yn in taheakke hielendal efteroan yn it Nije Testamint steane.