Evangeelje fan Jehannes
It Evangeelje fan Jehannes is in evangeelje yn it Nije Testamint, yn de fêste oarder it fjirde evangeelje.
[bewurkje seksje] Skriuwer
Neffens it evangeelje is de skriuwer fan it wurk ien fan de dissipelen, wêrmei de skriuwer deselde wêze soe as de apostel Jehannes. Dat docht ek bliken út de tekst: allinnich yn dit evangeelje wurdt de namme fan de dissipel Jehannes net brûkt. De ferteller omskriuwt himsels as "de learling dêr't Jezus tige mei op hie", en liket foar komme te wollen dat er syn eigen namme mei dy rol yn it ferhaal ferbine moat.
Om't it evangeelje mar sân learlingen by de namme neamd soe it lykwols ek sa wêze kinne dat de skriuwer in oare dissipel is dy net neamd wurdt. It evangeelje hat ek nei alle gedachten earst op de ein fan de 1e ieu syn fêste foarm krigen, dat it kin ek foar in part troch in learling fan ien fan de apostels skreaun wêze nei tsjûgenis fan dy oantsjutte apostel. De taskriuwing oan Jehannes is earst yn de twadde ieu kaam, mar dy bân blykt allinnich út de namme dy't it boek earst op de ein fan dy ieu krigen hat.
[bewurkje seksje] Skaaimerken
De skaaimerken fan dit evangeelje komme op it aljemint yn;
- de mystike relaasje fan de Soan ta God de Heit.
- de ferlosser nei de leauwigen.
- it kundich meitsjen fan de Hillige Geast as Treaster foar de leauwigen.
- it promininte plak fan de leafde yn it Kristlik leauwen krijt syn gerak.
It boek is benammen oan net-Joadske kristenen rjochte. Dat is te sjen oan ferskate Joadske útdrukkings dy't wiidweidich beskreaun wurde. In stylskaaimerk fan it evangeelje fan Jehannes is de irony, yn it stik dêr't it folk tusken Barabbas en Jezus kieze moat bygelyks.