Gerben Postma

Ut Wikipedy
Gerben Postma

Gerben Postma, (Dantumawâld, 6 juny 1847 - Moarrewâld, 13 juny 1925), wie in ûnderwizer-auteur.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gerben Postma slagge doe't er 18 jier wie op 4 april 1866 yn Ljouwert foar de ûnderwiisakte legere skoalle. Hy wie in moanne kwekeling yn Feanwâlden, want al op 7 maaie begûn hy oan in fiif moanne duorjende perioade as helpûnderwizer yn Broek ûnder Ikkerwâld. Per 1 novimber 1866 waard hy beneamd as helpûnderwizer yn Blije. Dêrnei waard er ûnderwizer yn Oerterp, Suwâld en fan 1884 - 1890 wie hy haad fan de iepenbiere legere skoalle yn Nes op It Amelân. Doe't yn Bueren yn 1890 in Roomske skoalle stifte waard keazen in soad âlden yn Nes dizze skoalle foar harren bern. Foar Gerben Postma betsjutte dat in grutte teloarstelling. Op 43-jierrige leeftiid krige hy pinsjoen en ferbittere ferliet hy it ûnderwiis. Yn 1896 waard Gerben Postma oargelist fan de Nederlânsk Herfoarme gemeente Ikkerwâld/Moarrewâld. Hy fersocht yn 1910 de tsjerkeried de ferfolchbondel Evangelyske gesangen yn de gemeente vijf minuten ter aanbeveling te brûken. De tsjerkeried fielde lykwols net foar vrezende voor ongewenste gevolgen in de gemeente als niet meer ter kerke komen en dergelijke. Yn 1914 besleat de tsjerkeried opnij de ferfolchbondel net ta te litten. Gerben Postma nom op 13 novimber 1921 op 73-jarige leeftiid ûntslach as organist. By syn weromkommen fan It Amelân nei Moarrewâld hie er de wenning Haadwei 94 sette litten. Op de grêfstien fan Postma stiet: "Hier rust een diep denker met veel kennis".

De eigensinnige en eksintrike Postma skreau yn tydskriften poezij en proaza. Dat die er ek ûnder de skûlnamme Ids. Hy wurke ek mei oan it Frysk Wurdboek en sette bibeldielen oer. Mei Pieter de Clercq joech er it omstriden boek Lytse Fryske Spraekleare út. In soad lei yn 1958 noch yn hânskrift.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Uet myn skrjuwboek (1889)
  • Swealtsjeblomen (1891)
  • Trijeris trije (± 1910)
  • Lytse Fryske Spraekleare (1904)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: