Gerben Colmjon
Gerben Colmjon (Ljouwert, 27 april 1828 - Ljouwert, 28 desimber 1884) wie in Frysk taalkundige en bibliotekaris en argivaris.
Colmjon wie fan hûs út boarstelmakker en boekhanneler. As autodidakt brocht er it yn 1868 ta argivaris-bibletekaris fan Fryslân. Yn 1849 waard er lid en yn 1862 sekretaris fan it Frysk Selskip. Hy wie de útjouwer fan Rimen en Teltsjes (1871 en 1881), siet yn de Staveringskommisje-1876 en skreau gedichten en ferhalen yn allerhanne blêden, somtiids ûnder de skûlnamme Eelke en G. P.; wurke fierders oan registers en katalogussen.
Hy hat holpen by it opsetten fan in earste offisjele stavering fan it Frysk: de saneamde "Selskipsstavering" fan 1879.
[bewurkje seksje] Wurk/Utjeften
- 1862, Hwet de leafde net dwaen kin.
- 1863, Beknopte Friesche Spraakkunst voor den tegenwoordigen tijd
[bewurkje seksje] Priuwke
- 1879, It Ewangeelje fen Lukas, yn'e fryske tael oerset:
Haedstik XX
1. En it barde op ien fen dy dagen, wylst er yn’e timpel it folk learde en it ewangeelje forkindige, dat de oerprysters en skriftgelearden mei de âlderlingen dêr by kamen,
2. en sprieken tsjin him, sizzende: Siz ús troch hwet macht jy dizze dingen dogge, ef hwa ’t hy is, dy jo dizze macht jown het.
3. En hy andere en sei tsjin hjar: Ik scil jimme ek in wird freegje: siz my ris:
4. De doop fen Johannes wier dy út ‘e himel ef út ‘e Minsken ?
5. En hja mûskoppen mei enoar en seijen: As wy sizze út ‘e himel, den scil er sizze, hwêrom habbe jimme him den net leaun ?
6. En as wy sizze út ‘e minsken, den scil it folk ús stien- nigje, hwent hja hâlde ’t for wis, dat Johannes in profeet wier.
7. En hja anderen, dat hja it wisten, hwêr’t dy wei wier.
8. En Jezus sei tsjin hjar, den siz ik jimme ek net troch hwet macht as ik dizze dingen doch.
- 1883, Register fan oarkunden, dy't yn it Sjarterboek fan Fryslân ûntbrekke, oant it jier 1400
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|