Pieter de Clercq

Ut Wikipedy
Pieter de Clercq

Pieter de Clercq (Amsterdam, 21 jannewaris 1849 - Zeist, 9 maaie 1934) wie in bankier út Amsterdam dy't him ynsette foar it Frysk op skoalle en yn 'e tsjerke. Hy fêstige him as grutlâneigner yn Feanwâlden, dêr't er in filla sette liet, it lettere Talmahûs, doe't er 50 jier wie. Hy hie ûnder mear grûn by Mullum, Wytmarsum en Skettens, en gie as in patriargaal hearsker mei syn pachtboeren om.

De Clercq wie in soan fan Pieter de Clercq Gsn en Aaltje Stinstra (fan Frjentsjer). Hy troude yn Krefeld (Noardryn-Westfalen) op 23 juny 1874 mei Maria Catharina Müller (1854 - Zeist, 1931); hja krigen fiif bern.

De Clercq learde it Frysk fan de skriuwer Gerben Postma út Moarrewâld. Yn 1900 waard syn foarstel ta it befoarderjen fan it Frysk yn it ûnderwiis troch it Frysk Selskip oannaam en krige er in sit yn de ûnderwiiskommisje fan it Selskip. De kommisje skreau in priisfraach út foar it skriuwen fan in Frysk learboekje. Sels skreau er in 'Lytse Fryske Spraekleare' (1904) en hie er plannen foar akten Frysk foar leger- en middelberûnderwiis. Teffens wie er stifter fan it 'Underwiisfûns foar de Fryske tael'. Hy skreau oer de wearde fan in Fryske bibeloersetting en publissearre mei oaren de evangeeljes fan Mattéus en Markus yn it Frysk.

De Noardfriezen waarden fan de Clercq oantrune harren te organisearjen ta behâld fan it Noardfrysk. Yn 1928 ferfear er nei Zeist doe't de gemeente Dantumadiel de grûnbelesting fiks omheech brocht.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Clercq, Pieter de.

  • Zondergeld, G. R., De friese beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen s. 28, 29