Zeist
Zeist is in gemeente en stêd yn it midden fan de provinsje Utert. De gemeente hat 60.272 ynwenners (1-1-2010), boarne: CBS) en hat in oerflakte fan tsjin de 50 km² (wêrfan mar in minym bytsje wetter). Neist it haadplak Zeist telt de gemeente fjouwer doarpen: Austerlitz, Bosch en Duin, Den Dolder en Huis ter Heide. Troch de fêstiging fan it Slot Zeist yn de gemeente, wurdt Zeist wol Slotstêd neamd.
Ynhâld |
Kearnen [bewurkje seksje]
Oantal ynwenners per wenkearn of kearngebiet op 1 jannewaris 2006:
| Zeist | 51.071 |
| Den Dolder | 3.802 |
| Bosch en Duin | 2.540 |
| Austerlitz | 1.525 |
| Huis ter Heide | 1.425 |
Boarne: Gemeente Zeist
Skiednis en arsjitektuer [bewurkje seksje]
Yn in oarkonde út it jier 838 waard foar it earst melding makke fan "Seist" (Kolman, 1996; Groenedijk, 2000). De namme hat mooglik te krijen mei de pleatslike grûn of fegetaasje. It jier fan stichting soe te meitsjen hawwe mei de Stoarmfloed fan 838.
Op 23 maart 838 skonk Greve Rodgar oan de St. Maartenstsjerke yn Utert meardere besittings yn it goa Leomeriche en op oare plakken, en krige dêrfoar oare besittings fan dizze tsjerke, lizzend yn Groessen, Zeist, Leusden, Hees en Doorn, libbenslang yn gebrûk tsjin betelling fan syns. "...villa Seist familias VI cum terris et edificiis earum,..."
Op 28 maaie 1279 skonken Godfried fan Zeyst, ridder, en syn soan Johannes, oan de priorin en it konvint fan Frouljuskleaster yn Oostbroek, dêr't syn dochter Petronella opnomd is, de wjittering dêr't de hof Stoetweghe op ôfwettere, plus de grove en smelle tienden fan 9 hoeven lizzend yn Dincslo, dy't se fan de elekt fan Utert yn lien holden. Oan it geslacht fan Zeist kaam net folle letter min ofte mear in ein. Min ofte mear, want yn it jier 1360 troude de lêste (froulike) telch út de famylje fan Zeist mei in lid fan de famylje Borre fan Amerongen. Hja krigen in soan dy't, om de famyljenamme fan de mem te hâlden, har efternamme keas, en tagelyk it famyljewapen fan de Borre fan Amerongens oannaam. Krekt dizze takke, mei as manlike bloedline Borre fan Amerongen, de namme Fan Zeist en it famyljewapen fan Borre fan Amerongen (yn wizige kleuren) wie as iennige noch yn libben.
Benammen ôfskriften út de rjochterlike argiven joegen al ier ferwizings nei de delsetting Zeist. (Op in kaart út 1541 stiet it eardere kastiel, dat destiids noch mar in donjon wie.) Op 27 oktober 1536 lieten de Steaten fan Utert in list opstelle fan huzen, dy't as ridderhofstêden erkend waarden en dus doe noch yn te ferdigenjende steat wiene. Op dy list kaam ek "Dat huys te Zeyst" foar.
De kearn fan de delsetting wie by de hjoeddeiske (1e en 2e) Doarpsstrjitte. Hjir ferriisde oan de ein fan de 12e ieu in tsjerke, wêrfan de toer no diel útmakket fan de fierder út de 19e ieu datearende Herfoarme tsjerke. Flak lâns de Doarpsstritte soe oant yn de Midsieuwen in sydearm fan wat no de Kromme Ryn hjit streamd hawwe, dy't úteinlik tichtslibbe. By it doarp waarden ek trije ridderhofstêden boud: it al neamde Hûs te Zeist, en Kersbergen en Blikkenburg.
De ûntwikkeling van Zeist waard tige beynfloede troch de bou fan Slot Zeist (1677-1686), dêr't tsjintwurdich geregeld eksposysjes hâlden wurde fan moderne keunstners. Yn 1746 stiften leden fan de Evangelyske Broedergemeente in delsetting yn Zeist, wat resultearre yn de gebouwen dy't no oan it Bruorreplein en it Susterplein steane.
Oan de Utertske Bovenweg stiet kastiel 't Kerckebosch dat as hotel fan de Bilderberggroep brûkt wurdt.
Yn de 19e ieu kaam Zeist yn trek as wenplak foar de riken en waarden talleaze bûtens oanlein, lykas Sparrenheuvel, Lenteleven, Ma Retraite en Molenbosch. Benammen yn de 20e ieu waarden guons hjirfan foar wenningbou sloopt of ferkavele. Tagelyk kamen der nije "moderne" gebouwen by, lykas it gebou fan de PUEM boud yn 1931 Amsterdamske Skoalle en ek De Nije Muzykskoalle fan de hân fan Gerrit Rietveld boud yn 1932; beide lizzend oan de Utertse Wei. Dat dit net sûnder slach of stjit gie, blykt út neifolgjend sitaat : B. en W. hebben gelijk in het bestrijden van de Nije Saaklikheid omdat het primitieve probeersels zijn van Barbaarse volksstammen.
Wiken en buerten [bewurkje seksje]
De gemeente Zeist bestiet út fiif wiken: Zeist-Noard, Zeist-East, Zeist-West, Zeist-Sintrum en Den Dolder. De namme Zeist-Súd bestiet net.
De wyk Zeist-Noard bestiet út de buerten:
- Dijnselburg (Fersetswyk, Ynjeske Buert)
- Steatsljukertier
- Vollenhove
- Patijnpark (Dichterswyk)
- Moai Zeist (Komponistebuert, De Warande)
- Utertsewei
De wyk Zeist-East bestiet út de buerten:
De wyk Zeist-West bestiet út de buerten:
- Griffensteijn/Kersbergen
- Nijenheim
- Crosestein
- Brugakker
- Couwenhoven
- Vogelwijk
- De Brink
- De Clomp
- Blikkenburg
- Weidegebiet
De wyk Zeist-Sintrum bestiet út de buerten:
De wyk Den Dolder bestiet út buerten:
- Huis ter Heide Noard
- Huis ter Heide Súd
- Bosch en Duin
- Beukbergen
- Den Dolder Noard
- Den Dolder Súd
- Soesterdyk
Sjoch ek wiken en buerten yn Zeist.
De gemeente Zeist hat twa treinstasjons: stasjon Den Dolder en Stasjon Driebergen-Zeist, dit leit foar it meastepart yn it doarp Driebergen-Rijsenburg en foar in part yn de gemeente Zeist (Odijkerweg). Foar de iepening fan it eardere stasjon yn it sintrum fan Zeist hjitte dit stasjon Zeist-Driebergen, nei de sluting fan stasjon Zeist (1942) is dit wer Driebergen-Zeist woarn.
Stasjon Driebergen-Zeist is in intercity stasjon en fan Driebergen-Zeist ôf binne Arnhim, Schiphol, Utert en Amsterdam direkt berikber. Mar stasjon Den Dolder is in sprinter stasjon.
Natoer [bewurkje seksje]
Zeist leit yn it boskrike gebiet fan it Nasjonaal Park Utertse Heuvelrêch.
Oare ynformaasje [bewurkje seksje]
- Wichtige organisaasjes dy't yn Zeist fêstige binne: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch, it Wrâld Natoer Fûns, de Fûgelbeskerming, KNVB, Pensjoenfûns Soarch en Wolwêzen en de Evangelyske Broedergemeente;
- Tanksy de eardere militêre basis Kamp fan Zeist wie Zeist tusken 1999 en 2002 faak yn it wrâldnijs, omdat hjir om politike redenen op neutraal terrein it proses tsjin de Libyske fertochten fan de Lockerbie-oanslach hâlden waard. Tsjintwurdich is iit kamp in detinsjesintrum foar útprosedearre asylsikers;
Berne [bewurkje seksje]
- Charles Nepveu (5 oktober 1791-6 oktober 1871), offisier
- Anthon Gerard Alexander ridder van Rappard (14 maaie 1858-1 maart 1892), skilder
- Willem Pijper (8 septimber 1894-19 maart 1947), komponist
- Hendrik Marsman (30 septimber 1899-21 juny 1940), dichter
- Johan Witteveen (12 juny 1921), âld-minister fan Finansjen
- Marjan Berk (11 july 1932), aktrise en skriuwster
- Gert D. Buitenhuis (5 septimber 1943), komponist, dirigiint en klarinettist
- Ad van Denderen (7 oktober 1943), fotograaf
- Maarten van Rossem (24 oktober 1943), histoarikus en auteur
- Kees Ouwens (27 juny 1944-24 augustus 2004), dichter en romanskriuwer
- James van Lidth de Jeude (9 april 1945), politikus (PvdA), âld-boargemaster fan Dimter
- Ursul de Geer (3 jannewaris 1946), akteur, regisseur en televisiepresentator
- André Bolhuis (4 oktober 1946), hockeyinternational en sportbestjoerder
- Cor van de Stroet (1954), dûnser en dûnslearaar
- Mark Overmars (29 septimber 1958), útfiner Game Maker
- Ezra van Groningen (15 novimber 1970), akteur
- Chris Zegers (7 febrewaris 1971), akteur, sjonger en televyzjepresintator
- Niels Kraaij (31 desimber 1971), golfprofessional
- David Lammers (13 febrewaris 1972), filmregisseur
- Mirjam Sterk (23 maaie 1973), politika (CDA)
- Bas Verheijden (27 septimber 1974), pianist
- Mirella van Markus (5 jannewaris 1977), televyzjepresintatrise
- Felicia van den End (21 maaie 1986), fluitiste
- Remy van Kesteren (8 maart 1989), harpist
- Eva de Goede (23 maart 1989), hockey-international
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Zeist fan Wikimedia Commons. |