Judit (bibelboek)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Judit mei de Holle fan Holofernes, in skilderij fan Simon Vouet.

Judit, yn it Hebrieusk: יְהוּדִית, Yehūḏīṯ (in frouljusnamme dy't "priizge" of "joadinne" betsjut; de froulike foarm fan "Juda"), is in deuterokanonyk of apokryf boek fan 'e Bibel. Gjin inkele streaming fan it joadendom erkent it as kanonyk, en it heart dus net ta de joadske Tenach. Wat it kristendom oanbelanget, wurdt Judit troch alle protestantske tsjerken as apokryf beskôge. Allinne de Anglikaanske Tsjerke lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it Alde Testamint. Dat is bgl. it gefal yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978, wêryn't it as earste fan tolve apokrife bylagen tafoege is.

De Roomsk-Katolike Tsjerke, lykwols, rekkenet Judit wol deeglik ta de kanon en dêr makket it sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en stiet it folgjend op Tobit, in oar apokryf boek, tusken de kanonike boeken fan Nehemia en de Psalmen yn. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken (lykas de Gryksk-Otterdokse, de Russysk-Otterdokse, de Georgysk-Otterdokse, de Armeensk-Otterdokse, de Syrysk-Otterdokse, de Etiopysk-Otterdokse en de Koptyske Tsjerke).

Judit fertelt it ferhaal fan 'e joadske widdo mei deselde namme, dy't har stêd rêdt fan 'e fijân troch de fijannige legeroerste de holle ôf te houwen. De bedoeling fan it ferhaal is om oan te tsjutten dat tsjin God nimmen op kin: mei ien frou kin er noch in hiele leger ferslaan. Judit wie oarspronklik mooglik skreaun yn it Hebrieusk of it Arameesk, mar is inkeld oerlevere yn in net al te bêste Grykske oersetting yn 'e Septuaginta. Alle bekende Hebrieusktalige ferzjes datearje út 'e Midsieuwen of noch letter. It ferhaal befet in grut tal anagronismen, dy't de measte moderne bibelwittenskippers en teologen derfan oertsjûge hawwe dat it hjir giet om in net-histoaryske fertelling, sadat Judit mooglik it bêste sjoen wurde kin as in likenis of miskien as ien fan 'e earste histoaryske romans.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Yn Judit wurdt ferteld hoe't Nebûkadnêzer, de Assyryske kening dy't residearret yn Ninevé, deilis rekket mei Arpaksad, de kening fan 'e Meden, en dan berjocht útgean lit nei al syn fazalsteaten om him fersterkings te stjoeren foar de oarloch. Mar net ien dy't syn wurden acht slacht. Dat, as Nebûkadnêzer de hannen wer frij hat, stjoert er Holofernes, syn legeroerste, op in strafekspedysje om syn fazallen moares te learen. Dêrby slacht dyselde belis foar de Joadske stêd Betylûa. De befolking rekket alhiel ferbûke, mar ien frou, de tsjeppe jonge widdo Judit, trunet har folksgenoaten oan om fertrouwen op God te hawwen.

Judit dy't Holofernes Unthalzet, in skilderij fan Caravaggio.

Mei inkeld har slavinne by har bejout hja har nei it Assyryske legerkamp ta, dêr't se stadichoan by Holofernes yn 'e geunst wit te kommen mei ûnthjitten fan ynformaasje oer lân en folk dy't er brek is foar syn fjildtocht. As de legeroerste dan op in jûn goed ta de wyn sitten hat en mei Judit op bêd wol, slacht se him mei syn eigen swurd de holle ôf. Dêrmei keart se werom nei Betylûa. As de bangige stedsjers dêre sjogge dat de lieder fan harren fijannen dea is, fetsje se nije moed en falle mei de dage de Assyriërs oan. Dy reitsje alhiel yn ûnstjoer as se merke dat har legeroerste dea is. It Assyryske leger falt útinoar en de Joaden ferslane harren. Sa wurde lân en folk rêden troch de die fan ien inkele frou. Dêrop sjongt Judit in lofliet op God. It boek beslút mei de fernijing dat Judit noch libbe oant se hûndert en fiif jier âld wie, en dat se withoefolle houliksoansiken krige, mar dat se dy allegear ôfwiisde en de oantins oan har man silger trou bleau.

Eftergrûn[bewurkje seksje | edit source]

De tekst fan Judit hat nochal wat problematyske eleminten, dingen dy't oanwiisber net strike mei de wurklikheid. Sa wie Nebûkadnêzer in Babyloanyske kening, en net in Assyrysken-ien, en regearre er net yn (de Assyryske haadstêd) Ninevé, mar yn Babylon. Likemin hied er in legeroerste dy't Holofernes hiet, wat trouwens in Perzyske namme is. Fierders wurdt fernijd (Jud. 4:3) dat de Joaden noch net lang út 'e ballingskip (dêrmei sil de Babyloanyske Ballingskip bedoeld wêze) werom wiene, wylst dy weromkear pas fier nei it regear fan Nebûkadnêzer plakfûn, yn in tiid dat it Assyryske Ryk al lang net mear bestie, en ynstee it Perzyske Ryk hast it hiele Midden-Easten behearske. En dan is der noch de stêd Betylûa, dy't fierders folslein ûnbekend is.

Om dizze tsjinstridichheden te ferklearjen, binne der troch de ieuwen hinne withoefolle teoryen optocht. Party fan 'e tsjerkfaars hat besocht om "Nebûkadnêzer" te identifisearjen mei de Perzyske kening Artakserkses III Ochus, inkeld op grûn fan it feit dat der in "Holofernes" en in "Bagoäs" ûnder dy syn legerofsieren wiene. Mar fierders liket Artkserkses III hielendal net op 'e "Nebûkadnêzer" sa't dy yn Judit beskreaun wurdt.

De teory fan 'e teolooch Fulcran Vigouroux (1837-1915) is dat mei "Nebûkadnêzer" eins de Assyryske kening Assurbanipal (reg. 668-627 f.Kr.) bedoeld wêze moat, en mei "Arpaksad" de Medyske kening Fraortes (reg. 665-653 f.Kr.), wylst de foarfallen fan Judit dan bard wêze moatte soene nei de oarloch tusken de Assyriërs en de Meden en de dea op it slachfjild fan Fraortes yn 653 f.Kr. Holofernes soe dan de legeroerste Turtanu wêze moatte, en Betylûa identifisearret Vigouroux mei Meseliyeh, in oerâlde Joadske stêd yn 'e Delling fan Jisreël, fuort by de yngong fan in strategyske pas dy't súdoan nei Judeä liedt. Dizze ynterpretaasje wurdt noch altiten oanhongen troch de mear tradysjonalistyske roomske bibelwittenskippers. Oaren liket dizze teory fiersocht ta, mei't der fierders neat bekend is oer it belis fan Meseliyeh troch Assurbanipal. Ek binne de nammeferoarings dreech te begripen, of it moat wêze dat yn 'e oarspronklike tekst de nammen net neamd waarden en de Grykske oersetter letter nei bêste kinnen nammen tafoege hat.

In oare teory is dat it ferhaal eins foarfallen út 'e earste ieu f.Kr. beskriuwt, dy't mei sin kryptisearre binne troch de nammen en it dekôr te feroarjen. Yn dizze ynterpretaasje soe "Nebûkadnêzer" lykslein wurde moatte mei de Seleusidyske kening Antiochus IV Epifanes, dy't de Joaden yn it Hellenistyske Tiidrek bedrige.

Moderne saakkundigen jouwe, ynsafier't se al leauwe dat it boek Judit in histoaryske grûn hat, yn 'e regel de foarkar oan 'e teory fan 'e Italjaanske bibelwittenskipper Gabriele Boccaccini, dy't hawwe wol dat "Nebûkadnêzer" eins de Armeenske kening Tigranes de Grutte foarsteld, dy't yn 'e earste helte fan 'e earste ieu f.Kr. grutte feroverings útfierde yn it Midden-Easten. Hoewol't it eigentlike ferhaal fan Judit neffens dizze teory optocht is, kin it begrepen wurde as in allegory, mei't de doetiidske Joadske keninginne Salomé Aleksandra (reg. 76-67 f.Kr.) troch diplomasy safolle tiid wûn dat de Romeinske generaal Lusius Lisinius Lukullus yn Lyts-Aazje in leger byinoar bringe koe om 'e Armeenske haadstêd Tigranoserta binnen te fallen, sadat Tigranes syn feroveringstocht opjaan moast.

In lêste teory, en dejinge dy't de measte moderne bibelwittenskippers oanhingje, is dat Judit in likenis of in histoaryske roman is, dy't alhiel net bedoeld is om letterlik opfet te wurden.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel útjûn waard, is Judit yndield ûnder de apokrife of deuterokanonike boeken, oan 'e ein fan it Alde Testamint. Dy oersetting fan Judit waard makke troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Hendrik Twerda.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.
Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes |
3 Jehannes | Judas | Iepenbiering
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden |
Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) |
Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs |
4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan |
Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief |
Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus |
Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve |
Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije |
Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) |
Wysheid fan Jezus Kristus