Brief oan de Efeziërs

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De apostel Paulus dy't syn brieven skriuwt, op in skilderij út 'e 16de ieu. (Yn wurklikheid diktearre Paulus syn brieven oan in slaaf.)

It Brief oan de Efeziërs, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Εφεσιους, Epistoli pros Efesious, ek wol koartwei Efeziërs neamd, is it tsiende boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de fyfde fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus, al is net wis oft de apostel Paulus it wol skreaun hat. De earste folsleine Fryske oersetting fan Efeziërs stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

Skriuwerskip, datearring en adressearring[bewurkje seksje | edit source]

Dat de apostel Paulus de skriuwer fan it Brief oan de Efeziërs is, wurdt net unanym oannommen, en it is sels sa dat hieltyd mear bibelwittenskippers en teologen dat yn 'e kiif stelle. De Amerikaanske saakkundige Raymond E. Brown (1928-1998) stelde dat likernôch 80% fan 'e objektive hjoeddeiske wittenskippers op grûn fan û.m. in ôfwikend wurdgebrûk en taaleigen en in folslein brekme oan persoanlike meidielings fan tinken is dat Efeziërs it wurk wêze moat fan in "deutero-paulinyske" auteur (d.w.s. in letter skriuwer dy't tige by tige ûnder Paulus syn ynfloed stie). Yn syn ynlieding ta Efeziërs yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting ferset oersetter drs. H. Dijkstra him tsjin dit idee.

Tradysjoneel waard tocht dat Paulus dit brief skreaun hie wylst er yn it tichthús siet, krekt as Filippiërs, Kolossers en Filémon. Dy fjouwer brieven wurde sadwaande ek wol de Finzenskipsbrieven neamd. Almeast waard dêrby oannommen dat Efeziërs skreaun is doe't Paulus tusken 61 en 63 yn Rome fêstholden waard. Party bibelwittenskippers miende dat it ynstee west hawwe moast doe't er yn Sesareä fêstsiet, wat it brief in pear jier âlder meitsje soe. Lykwols, as Efeziërs net troch Paulus skreaun is mar troch in letter auteur, datearret it brief foar 't neist fan earne tusken 80 en 100.

Oars as de measte brieven fan Paulus liket Efeziërs net skreaun te wêzen om in kristlike gemeente op it rjochte paad te hâlden om't der har datoangeande swierrichheden foardiene, mar inkeld om it evangeelje út te dragen. Ek is yn 'e oarspronklike tekst yn 'e ynlieding net oanjûn dat it oan 'e gemeente yn 'e stêd Efeze rjochte wie (dat is in lettere tafoeging). Guon saakkundigen miene dêrom dat it brief net oan ien beskate gemeente, mar oan in stikmannich gemeenten yn 'e krite oan 'e westkust fan Lyts-Aazje stjoerd is. Mei't dy fan Efeze dêre de wichtichste wie, soe it brief letter dy namme taparte wêze. As dat wier is, soe it Brief oan de Efeziërs itselde wêze kinne as it ferlern tochte Brief oan de Laodikers, dat yn Kolossers 4:16 neamd wurdt.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

Nei de ynlieding en groetnis (Ef. 1:1-2) giet Efeziërs fierder mei in learend stik (Ef. 1:3-3:21), wêryn't de skriuwer op algemiene wize it evangeelje preket. Hy ferhellet oer de seingings dy't it evangeelje de leauwenden bringt. Dêrby giet er yn op 'e boarne dêr't dy seingings út fuortkomme, de manearen wêrmei't men se oer jin ôfroppe kin, de redens wêrom't se jûn wurde en harren úteinlike útwurking. Nei in fjurrich gebed foar de geastlike ferriking fan 'e kristenen oan wa't it brief rjochte is, folget der in útlis dat it evangeelje bedoeld is foar sawol Joaden as heidens, en hoe't it bliid boadskip de spirituële sitewaasje fan 'e heidens feroare hat. De skriuwer leit fierders út dat Paulus spesifyk útkard is om in apostel foar de heidens te wêzen.

It brief giet dan fierder mei in fermoanjend stik (Ef. 4:1-6:20), wêryn't de kristenen oproppen wurde de ienheid fan 'e gemeente te bewarjen, en it leauwe net inkeld oan te nimmen mar ek yn 'e praktyk te bringen. Dêrnei folgje ynstruksjes oer hoe't men libje moat, wêrby't yngien wurdt op ferskillende sosjale relaasjes: dy tusken man en frou, tusken âldelju en bern, en tusken masters en slaven. Nei noch in passaazje oer de (spirituële) striid tsjin it kwea, slút Efeziërs ôf mei in groetnis en it berjocht dat Tychikus, dy't it brief besoargje sil, de adressearren noch guon persoanlike meidielings fan Paulus oerbringe sil (Ef. 6:21-24).

Fryske oersetting[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Ef. 3:2-12 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan Efeziërs stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Efeziërs waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.
Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes |
3 Jehannes | Judas | Iepenbiering