Hillige Geast

Ut Wikipedy

De Hillige Geast is ien fan de trije persoanen fan God. It foarmet yn it Kristendom tegearre mei de Heit en de Soan de godlike trije-ienheid. Yn de Hillige Geast drukt God him út en foarmet dêrtroch syn krêft. Op it konsylje fan Nicea yn 325 is de trije-ienheid offisjeel fêstlein as Kristlik dogma. Yn de bibel, sawol yn it Alde Testamint as it Nije Testamint komt de Hillige Geast foar. Faak wurde hjir ferskillende nammen foar brûkt, lykas de Treaster, de Geast fan de HE(A)REN/fan de HEAR, de Geast fan de Wierheid of koartwei de Geast. Ek steane der yn de bibel symboalen dy't mei de Hillige Geast assosjearre wurde, lykas de Do en de fjoerflam.

Doel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hillige Geast is de Geast fan God en neffens de Bibel hat er as sadanich syn doel. Jesus hat nammentlik syn folgelingen tasein dat nei Syn himelfeart, God de Heit, de Hillige Geast stjoere sil om harren de Wierheid te bringen en alles wat sy nedich hawwe.

Neffens de Bibel is mei Pinkster (dat oarspronklik in Joadsk feest wie), de Hillige Geast útstoarten en wennet it sûnt dy't tiid yn syn leauwigen.

It wichtigste doel fan de Hillige Geast is wol om de minsken tichter by God te bringen. Sy dy't him net kenne bringt er mei him yn kontakt en syn leauwigen lit er hieltyd mear op Jesus lykje. Yn de bibel wurdt dit moai omskreaun as dat sy de fruchten fan de Geast dragen gean. De Hillige Geast jout ek alderlei jeften oan de leauwigen om harren ta te rieden in goed minske en neifolger fan Kristus te wurden.

Alhoewol't de Hillige Geast nea út byld rekke is yn it Kristlik leauwen is der sûnt it begjin fan de 20e iuw in fernijde grutte niget oan de Tredde Persoan fan God. Yn earste ynstânsje wie dit it ekslusive domein fan de Pinkstermienskippen, mar tsjintwurdich is it by alle tsjerken it gefal.