Brief oan Titus

Ut Wikipedy
Brief oan Titus
algemiene gegevens
oarspr. titel Επιστολή προς Τίτο
("Epistoli pros Tito")
auteur Paulus (?)
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 63150 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Twadde Brief oan Timóteüs
● folgjend diel Brief oan Filémon
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Brief oan Titus
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

It Brief oan Titus, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Τίτο, Epistoli pros Tito, ek wol koartwei Titus neamd, is it santjinde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de tolfde fan 'e brieven, en heart ta de Pastorale Brieven en yn bredere sin ta de Brieven fan Paulus. De earste folsleine Fryske oersetting fan Titus stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

Skriuwer en oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de tsjerklike tradysje wurdt dit brief oan 'e apostel Paulus taskreaun, mar dêr is sûnt de njoggentjinde iuw ûnder bibelwittenskippers en teologen twifel oer ûntstien. Yn elts gefal liket Titus kwa ynhâld en taaleigen sa bot op twa oare Pastorale Brieven, 1 Timóteüs en 2 Timóteüs, dat dy trije suver wol troch ien en deselde persoan skreaun wêze moatte, oft dat no Paulus wie of net.

Tradisjoneel wurdt Titus datearre tusken 63 en 67, mar dan giet men derfan út dat Paulus it brief skreaun hat. It frij koarte brief is skreaun oan Paulus syn jongere mei-apostel Titus, dy't, sa docht bliken, in liedend amt beklaait yn 'e tsjerke op Kreta; de ynhâld bestiet foar it meastepart út goerie en warskôgings fan syn mentor Paulus. Yn Titus wurd ferwiisd nei in besyk fan Paulus oan Kreta (Tit. 1:5), dat net it besyk west hawwe kin dat yn Hannelingen 27:7 beskreaun stiet, fan hoe't it skip Kreta oandie dêr't Paulus as finzene mei nei Rome ta brocht waard. De tradisjonele útlis is dat Paulus nei syn twajierrige finzenskip yn Rome (sjoch: Hannelingen 28:30) weromkearde nei it easten, Kreta bylâns sylde en dêr Titus oanstelde, doe nei de stêd Efeze, oan 'e westkust fan Lyts-Aazje, ta gie en dêr syn oare meiwurker Timóteüs efterliet, wêrnei't er him nei Masedoanje bejoech. Dêr soed er de beide brieven oan Timóteüs en it brief oan Titus wei skreaun hawwe.

De apostel Paulus dy't syn brieven skriuwt, op in skilderij út 'e 16de iuw. (Yn wurklikheid diktearre Paulus syn brieven oan in slaaf.)

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Brief oan Titus is ien fan 'e koartere brieven fan Paulus. De apostel begjint it mei in ynlieding en groetnis (Tit. 1:1-4), wêrnei't er yngiet op 'e opdracht dy't er by harren ôfskie op Kreta oan Titus jûn hat (Tit. 1:5-9), om 'e tsjerken op it eilân op oarder te bringen. Dan giet er fierder mei rie oangeande it bestriden fan lju dy't dwaallearen ferkundigje (Tit. 1:10-16), en oer hoe't kristenen har hearre te hâlden en te dragen, sawol ûnderling as nei bûtensteanders ta (Tit. 2:1-3:11). Nei noch wat persoanlike meidielings (Tit. 3:12-14), beslút Paulus syn brief mei in groetnis en in seiniging (Tit. 3:15).

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Tit. 3:3-8 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan Titus stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Titus waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering