Brief oan Filémon

Ut Wikipedy
Brief oan Filémon
Papyrus 87 (Gregory-Aland), in fragmint fan it Brief oan Filémon.
Papyrus 87 (Gregory-Aland), in fragmint fan
it Brief oan Filémon.
algemiene gegevens
oarspr. titel Επιστολή προς Φιλήμονα
("Epistoli pros Filemona")
auteur Paulus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 5463 n.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Nije Testamint
● foarich diel Brief oan Titus
● folgjend diel Brief oan de Hebreeërs
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Brief oan Filémon
publikaasje 1933, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

It Brief oan Filémon, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Φιλήμονα, Epistoli pros Filemona, ek wol koartwei Filémon neamd, is it achttjinde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de trettjinde fan 'e brieven, wurdt gauris ta de Pastorale Brieven rekkene en heart yn bredere sin ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, is ûnder bibelwittenskippers en teologen algemien oanfurde, al neamt Paulus sels yn de ynlieding Timóteüs as mei-skriuwer.

Ut 'e tekst docht bliken dat Paulus yn it tichthús siet doe't er Filémon skreau, krekt as it gefal wie by Efeziërs, Filippiërs en Kolossers. Sadwaande wurde dy fjouwer brieven ek wol de Finzenskipsbrieven neamd. Dêrfandinne dat Filémon datearre wurde kin yn trije ûnderskate perioades: doe't Paulus fêstholden waard yn Efeze (54-57), yn Sesareä (58-61) en yn Rome (61-63). Der wurdt tocht dat dy lêste snuorje it meast yn 'e reden leit; men is fierders fan tinken dat Filémon foar 't neist tagelyk mei Kolossers skreaun en ferstjoerd is.

Filémon is de koartste fan alle oerlevere brieven fan Paulus en bestiet mar út ien haadstik fan yn totaal 25 fersen. It is rjochte oan Filémon, in foaroansteand lid fan 'e ier kristlike gemeente yn it Lytsaziatyske Kolosse, en giet, oars as alle oare brieven fan Paulus, inkeld oer persoanlike oangelegenheden. De earste folsleine Fryske oersetting fan Filémon stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It brief is rjochte oan Filémon, dy't in foaroansteand lid fan 'e kristlike gemeente te Kolosse wie, immen dy't miskien sels wol omskreaun wurde kinne soe as in biskop. Yn elts gefal wied er in slavehâlder, en dus in ryk man, wat him in bytsje in frjemde ein yn 't byt makket yn 'e iere tsjerke. It ferklearret wol wêrom't de Kolossyske gemeente by him oan hûs gearkaam: syn hûs sil grutternôch west hawwe foar sokke gearkomsten. Behalven oan Filémon is it brief ek rjochte oan in kristinne mei de namme Appia en "ús meistrider" Archippus. Men tinkt gauris dat dat Filémon syn frou en soan wêze moatte, ek al bestiet der foar dy oanname gjin bewiis.

Hoewol't Paulus Filémon nei alle gedachten nea met hie en inkeld fan namme koe, skreau er him dit brief fanwegen Onésimus. Ut 'e tekst docht bliken dat Onésimus in slaaf fan Filémon wie, dy't útnaaid wie en him by Paulus jûn hie, en troch dyselde bekeard wie ta it kristendom. It sil foar de measte tsjintwurdige lêzers dreech te begripen wêze, mar slavernij wie yn 'e Aldheid sa'n normaal ferskynsel dat sels in revolúsjonêr as Paulus der yn prinsipe neat mis oan tocht. Dêrom stjoert er Onésimus no werom nei syn master Filémon, krekt sa't je in stik ark fan jins buorman, dat er op 'e dyk falle litten hat, by him werombringe.

Paulus besiket lykwols troch foar Onésimus te pleitsjen der al foar te soargjen dat de slaaf net al te bot straft wurde sil. Sa nimt er him yn beskerming troch him "myn bern, dêr't ik [...] heit fan wurden bin" (Flm. 1:10) te neamen, en troch te sizzen: "As jo my no hâlde foar jo freon, nim him dan op, lykas jo my dat dwaan soene" (Flm. 1:17). Ek hâldt er út dat Onésimus no net mear inkeld in slaaf is, mar "in broer, dy't ús leaf is" (Flm. 1:16). Paulus syn taktfolle taal yn Filémon waard troch Marten Luther "hillich flaaikjen" neamd. It is in drege balansear-act dy't Paulus hjir útfiert. Oan 'e iene kant besiket er fan Filémon wat ôf te smeekjen dêr't er wetlik sjoen hoegenamt gjin rjocht op en neat mei te krijen hat, en oan oare kant bringt er him op subtile wize syn gesach as apostel yn 't sin. Hy makket sels in wurdspiling yn 'e tekst; yn Flm. 1:11 seit er dat der in tiid west hat dat Onésimus (waans namme "nuttich" betjut) foar Filémon alhiel ûnnut west hat, mar dat dat no feroarje sil.

It is ûnbekend hoe't it mei de saak fan Onésimus beteard is, mar it Brief oan Filémon, wêryn't Paulus de slavernij as ynstitút liket te akseptearjen, is letter oates en toates oanhelle troch lju dy't op maatskiplike feroarings tsjin wiene. Marten Luther, bygelyks, beärgumintearre dat Filémon, en dus de Bibel, wol dat de maatskiplike status quo hanthavene bliuwt. Letter waard nei it brief ferwiisd troch Britske en Amerikaanske foarstanners fan 'e slavernij yn harren striid mei de abolysjonisten.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Flm. 1:9-21 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan Filémon stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Filémon waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. Jelle Hendriks Brouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Nije Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1933, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further reading, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering