Berchrede

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Berchrede fan Carl Heinrich Bloch

De Berchrede is de rede of ûnderwizing dy't Jesus Kristus jûn hawwe soe op in berch. De Berchrede komt yn twa fan de evangeeljeboeken foar, nammentlik yn it Evangeelje fan Matteüs (Mat. 5-7) en yn it Evangeelje fan Lukas (Luc. 6: 17-49), mar wurdt allinnich yn it Matteusevangeelje "de Berchrede" neamd. De namme is lykwols misliedend want it is net in gearhingjende rede dy't Jesus hâlde, mar bestiet út in samling fan (nei gedachten) iere útspraken fan him, dy't beskôge wurde kin as de kearn fan syn boadskip.

De Berchrede bestiet út de sillichsprekkingen, de weespreuken en inkele praktyske libbenrigels.