Brief oan de Laodikers

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De ruïnes fan Laodikéa.

It Brief oan de Laodikers, ek wol koartwei Laodikers neamd, is in mooglik ferlern gien brief fan 'e apostel Paulus oan 'e kristlike gemeente yn it stedsje Laodikéa (of Laodiséa), yn it súdwesten fan Lyts-Aazje. It bestean fan dit brief wurdt nei ferwiisd yn it nijtestamintyske Brief oan de Kolossers 4:16: "As dit brief by jimme foarlêzen is, moatte jimme derfoar soargje dat it ek yn 'e gemeente fan Laodikéa foarlêzen wurdt. En jimme moatte dat [brief] út Laodikéa lêze."

It is bekend dat der yn 'e Aldheid ferskate teksten bestien hawwe wêrfan't beweard waard dat se it missend brief oan Laodikéa wiene, mar dy binne letter suver allegear ferlern gien, en boppedat, sawol doe as tsjintwurdich waarden se oer it algemien beskôge as ferfalskings wêrmei't men besocht it probleem fan in weiwurden dokumint op te lossen. Allinne it Latynsktalige "Brief oan de Laodikers" is (as ûnderdiel fan 'e Codex Fuldensis) oant hjoed de dei ta bewarre bleaun, mar dat is eins in koarte gearstalling fan fersen út oare brieven fan Paulus, benammentlik út Filippiërs, en wurdt sadwaande beskôge as in wol hiel kneukelhouwerige ferfalsking.

Under hjoeddeisk bibelwittenskippers en teologen besteane ferskillende teoryen oangeande it Brief oan de Laodikers:

  1. Laodikers wie in autentyk brief fan Paulus, mar it is ferlern gien.
  2. Laodikers hat nea as sadanich bestien; en
    1. "dat [brief] út Laodikéa" ferwiist nei ien fan 'e oare brieven fan Paulus, dy't troch de apostel recycle wie.
    2. "dat [brief] út Laodikéa" ferwiist nei it Brief oan de Efeziërs, dat net spesifyk oan 'e gemeente yn Efeze stjoerd wie, mar alle gemeenten oan en deunby de westkust fan Lyts-Aazje, mei dêrûnder ek dy yn Laodikéa. Dit brief krige letter pas de namme fan Efeziërs, om't dat dêrsanne de wichtichste stêd wie.
  3. It Brief oan de Kolossers is sels gjin autentyk brief fan Paulus, dus dan kin Laodikers oft dat no wol of net bestien hat, ek net autentyk west hawwe.
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden |
Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) |
Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs |
4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan |
Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief |
Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus |
Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve |
Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije |
Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) |
Wysheid fan Jezus Kristus