Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Geheime Boek fan Jeremia)
Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 70132 n.Kr.

De Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e âldtestamintyske profeet Jeremia, dat sadwaande ek wol it Geheime Boek fan Jeremia neamd wurdt (al wurdt dy namme ek wol brûkt om guon fragminten fan in oare tekst oan te tsjutten dy't te Qumran mank de Deade-Seerôlen fûn binne). De Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip is oerlevere yn manuskripten yn it Koptysk, it Arabysk en it Garshuni (Arabysk skreaun yn it Arameeske alfabet), al wie it orizjineel nei alle gedachten yn it Gryksk. Saakkundigen binne fan betinken dat it datearre wurde moat tusken 70 en 132, en dat de anonime wiere skriuwer foar 't neist fan Joad wie. Neitiid moat it nochris bewurke wêze troch in kristlike redakteur, sadat de úteinlike foarm wol wat wei hat fan 4 Barûch, in oare apokrife tekst.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip, dy't swier op it bibelboek Jeremia stipet, kriget de profeet Jeremia fan God de opdracht om te profetearjen fan syn oansteande fûnis oer it keninkryk Juda, om't de Judeeërs har ta oare goaden rjochte hawwe. Jeremia lêst dêrop kening Sedekía it leksum (haadstik 1-4), mar wurdt nei in konfrontaasje mei de falske profeet Chananja yn it tichthûs smiten (h. 5). De Etiopyske paleiseunúch Ebed-Mêlek (neamd yn Jeremia 38:7-13) wit him wer frij te krijen (h. 6), mar Jeremia wurdt fannijs troch God opdroegen om 'e kening it mannewaar op te sizzen, en bedarret wer yn it tichthûs (h. 7-11). Ebed-Mêlek komt op 'e nij te help en rêdt Jeremia foar de twadde kear út 'e finzenis (h. 12), mar de kening en it folk fan Juda bliuwe by har sûndich libben, dat God sprekt it fûnis oer har út (h. 12-15).

De aartsingel Michael besiket de Babyloanyske kening Nebûkadnêzer II, en bepraat him om tsjin Juda fanwegen te kommen (h. 16-21). Ebed-Mêlek falt yn 'e sliep wylst er yn 'e tún is (h. 22). Jeruzalim wurdt ynnommen en kening Sedekía en it Judeeske folk wurde finzen nommen en tramtearre (h. 23-26). God docht Jeremia te witten dat it folk ferballing besparre bliuwe sil as er mank de Judeeërs ek mar ien oprjocht man fine kin, mar dat slagget him net (h. 27-28). Dêrop wurdt it folk yn ballingskip fuortfierd nei Mesopotaamje ta, dêr't Sedekía nei fjirtich jier komt te ferstjerren (h. 29-31). Ek Nebûkadnêzer stjert, en yn syn plak komt de Pers Syrus de Grutte op 'e troan, wylst Ezra as lieder fan 'e Joaden oansteld wurdt (h. 32-35). Nei godlik yngripen wurde de Joaden befrijd út har ballingskip (h. 36-37). Ebed-Mêlek wurdt wekker út in sliep dy't santich jier duorre hat, om mei te meitsjen hoe't Jeremia weromkeart nei Jeruzalim (h. 38-40). It boek einiget as Jeremia de Timpel yngiet en in tankoffer oan God bringt (h. 41).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus