Syrus de Grutte

Ut Wikipedy
Syrus de Grutte
aadlik persoan en/of hearsker
In reliëf fan Syrus de Grutte.
In reliëf fan Syrus de Grutte.
nasjonaliteit Perzysk
bertedatum ±600576 f.Kr.
berteplak Anshan
stjerdatum 530 f.Kr.
stjerplak oan 'e Syr Darja
dynasty Achaimeniden
etnisiteit Perzysk
kening der keningen fan Perzje
regear 559530 f.Kr.
foargonger Kambyses I
opfolger Kambyses II
kening fan Meedje
regear 549530 f.Kr.
foargonger Astyages
opfolger Kambyses II
kening fan Babylon
regear 538530 f.Kr.
foargonger Nabonidus
opfolger Kambyses II

Syrus II (Aldperzysk: 𐎤𐎢𐎽𐎢𐏁, Kūruš; Nijperzysk: کوروش, Kūruš; ±600 f.Kr. of ±576 f.Kr.530 f.Kr.), better bekend as Syrus de Grutte of Syrus de Aldere, en yn 'e Bibel Koaresj neamd, wie in Perzysk kening en de stifter fan it Achaimenidyske Perzyske Ryk. Under syn regear, fan 559 f.Kr. ôf, wreide Perzje him út oant it alle eardere beskavings fan it Heine Easten omfette, mei grinzen dy't fan 'e Bosporus oant Ynje en fan 'e Sinaï oant de Kaukasus en Sintraal-Aazje rikten. It iennichste wichtige ryk fan it Midden-Easten dat er net ferovere, wie Egypte, en it iennichste dat him dat belette, wie syn dea op it slachfjild oan 'e rivier de Syr Darja, yn 530 f.Kr.

Syrus de Grutte wurdt beskôge as de grûnlizzer fan 'e nasjonale identiteit fan it hjoeddeisk Iraan. Fan him is ek de saneamde Syrussylinder oerlevere, dy't wol beskôge wurdt as in iere minskerjochteferklearring. Hy is hjoed de dei yn 'e Westerske wrâld it bekendst, om't er yn 538 f.Kr., nei syn ferovering fan it Babyloanyske Ryk, in ein makke oan 'e Babyloanyske Ballingskip, sa't op ferskate plakken yn 'e Bibel fernijd wurdt, en de Joaden tastie en sels oanmoedige om werom te kearen nei harren heitelân. Mei dêrtroch oardielet de skiednis hiel geunstich oer him. Foar syn tiid fierde er in tige liberaal bewâld en hy wie ferdraachsum foar oare godstsjinsten oer, wat him úteinlik de bynamme "de Grutte" opsmiten hat.

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynsafier't bekend is, is Syrus de Grutte itsij berne yn 600 of 599 f.Kr., itsij yn 576 of 575 f.Kr. Oer syn jonkheid is net in protte mei wissichheid te sizzen, al besteane der ferskate legindaryske ferslaggen, wêrûnder ien fan 'e Grykske histoarikus Herodotus fan Halikarnassus, dy't in ferhaal fertelt fan in prins dy't tige jong ûntfierd wurdt en yn 'e bergen grutbrocht wurdt troch pleechâlden om dan as folwoeksene werom te kearen en syn erfskip op te easkjen. Dy stoarje heart ta in hiel sjenre fan soksoarte teltsjes, mei dêrûnder bgl. it ferhaal fan Remus en Romulus en de stifting fan Rome, en ek de leginde fan Oidipoes (sjoch: Kening Oidipoes). Der sil miskien in kerltsje fan wierheid yn sitte, mar it is dreech om te witten wat men der krekt fan leauwe moat.

Yn elts gefal stamme Syrus úteinlik ôf fan Achaimenes (Aldperzysk: Haxāmaniš), de stamheit fan 'e Achaimenidyske Dynasty, dy't tusken 705 en 675 f.Kr. oer it oarspronklike Perzje regearre, dat likernôch lykslein wurde kin mei de hjoeddeiske Iraanske provinsje Fars (yn 'e Aldheid: Pars; dêrfandinne "Perzen"). Achaimenes syn soan, pakesizzer en oerpakesizzer, Teispes, Syrus I en Kambyses I, regearren nei him, en Syrus de Grutte wie syn oeroerpakesizzer, de soan fan Kambyses I.

De namme fan Syrus syn frou wie Kassandane. Sy stamme ek út it Achaimenidyske Hûs, en wie de dochter fan in Farnaspes. Syrus en sy hiene fjouwer bern: Kambyses II, Bardiya, Atossa en in dochter wa har namme oft net oerlevere is. Dêrnjonken hie Syrus teminsten noch ien oare dochter, dy't Artystone hiet. Syrus en Kassandane dielden in grutte leafde en doe't hja stoar, waard der, neffens de Kronyk fan Nabonidus, troch alle naasjes fan it Perzyske Ryk in perioade fan djippe rou yn acht nommen, yn it bysûnder yn Mesopotaamje, dy't seis dagen duorre (identifisearre as 21-26 maart 538 f.Kr.). It is wierskynlik, mar net wis, dat Syrus nei Kassandane har dea wertroude mei in frou út it keninklik hûs fan 'e Meden. Syn soan Kambyses II soe him opfolgje as kening fan it Perzyske Ryk (of: fan Meden en Perzen), wylst syn dochter Atossa troude mei Darius de Grutte, in oare telch út it Achaimenidyske Hûs, dy't Kambyses II opfolgje soe; sy waard sa de mem fan Kserkses I, in pakesizzer fan Syrus de Grutte dus, dy't wer nei Darius de Grutte regearre.

Regear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't syn heit Kambyses I pas yn 551 f.Kr. kaam te ferstjerren, waard Syrus de Grutte, sa't dat ûnder de Perzyske keningen wenst wie, al yn 559 f.Kr., by it libben fan syn heit meiregearjend kening. Mar noch hy, noch syn heit wiene ûnôfhinklike hearskers: hja wiene fazallen fan 'e Medyske kening Astyages. Yn 'e simmer fan 553 f.Kr., lykwols, kamen de Perzen, ûnder lieding fan Syrus, yn opstân tsjin 'e Medyske hearskippij. Dat it dêrby net gie om in nasjonale rebûlje, mar om in politikenien, docht bliken út it feit dat se dêrby stipe waarden troch in diel fan 'e Meden sels, oanfierd troch de legeroerste Harpagus. Yn 550 f.Kr. foel Astyages yn harren hannen, en yn 549 f.Kr. namen Syrus en Harpagus Ekbatana, de Medyske haadstêd, yn. Dêrop naam Syrus de titel "kening fan Meedje" oan, al liet er fan 546 f.Kr. ôf de titel "kening fan Perzje" foargean.

It Achaimenidyske Ryk fan Syrus de Grutte werjûn oer de hjoeddeiske lânsgrinzen hinne.

Nei de ferovering fan it Medyske Ryk folge dy fan it Lydyske Ryk yn Lyts-Aazje. Neffens de tradysje fan Herodotus en oaren foel Kroesus, de kening fan Lydje, Syrus oan om't er Astyages wreekje woe, mar yn alle reedlikheid leit it mear foar de hân dat er syn buorlân yn ûnstjoer seach en besleat om fan 'e sitewaasje gebrûk te meitsjen troch Syrus guon grinsprovinsjes, of miskien wol hiel syn ryk, te ûntnaderjen. It is net alhiel dúdlik wannear't dizze oarloch plakfûn; Herodotus wol hawwe dat it yn 547-546 f.Kr. wie, mar moderne histoarisy liket dat ûnwierskynlik. Yn elts gefal moat it tusken Syrus syn ferovering fan Ekbatana, yn 549 f.Kr., en syn ferovering fan Babyloanje, yn 538 f.Kr., west hawwe. Syrus en Harpagus sloegen de ynfaazje fan 'e Lydiërs werom, giene doe sels yn 'e oanfal en belegeren Kroesus yn syn haadstêd te Sardis. Kroesus hie om help stjoerd nei syn bûnsgenoaten, mar ear't dy fanwegen komme koene, fersloegen Syrus en Harpagus him definityf yn 'e Slach by Tymbra, namen him kriichsfinzen en besetten Sardis.

Kroesus waard dêrnei meifierd nei Syrus syn haadstêd Pasargadee ta, en neffens ferskate (mar net alle) ferslaggen oansteld as riedsman fan Syrus. Fuort neitiid briek der in opstân út yn Lydje, dy't fluch de kop yndrukt waard troch Syrus syn legeroerste Mazares. De lieder fan 'e opstân, Paktyas, flechte dêrop nei Ioanje, it troch Griken bewenne part fan 'e westkust fan Lyts-Aazje, dêr't er in hierlingeleger op 'e foet hope te bringen. Mar Mazares efterfolge him en ferovere Ioanje, wêrby't er û.o. de Grykske stêden Magnesia oan de Meänder en Priëne ynnaam. Nei Mazares syn dea troch ûnbekende oarsaken, stjoerde Syrus Harpagus om him te ferfangen, en dy makke de ferovering fan Lyts-Aazje ôf troch Lysje, Silysje en letter ek de Fenisyske stêdsteaten te oerweldigjen. Harpagus rûne dizze feroverings nei alle gedachten ôf yn 542 f.Kr.

De Grêftombe fan Syrus, yn it Iraanske Pasargadee, dy't sûnt 2006 op 'e Wrâlderfskiplist fan 'e UNESCO stiet.

Yn 540 f.Kr. oermastere Syrus it keninkryk Elam en naam er Sûsan, de haadstêd dêrfan, yn. Fuort dêrnei teach er op nei Mesopotaamje, dat doedestiden yn 'e hannen wie fan it santich jier earder stifte Nijbabyloanyske Ryk. De ferovering dêrfan gie dat it slydjage, mei om't Syrus it belied opfette om ôfsûnderlik mei eltse Babyloanyske generaal te ûnderhanneljen, wat de kommandostruktuer fan it Babyloanyske leger slim ûndergroef. Uteinlik waard yn oktober 539 f.Kr. troch in mûklist de haadstêd Babylon ynnommen en de lêste Babyloanyske kening, Nabonidus, finzen nommen. De Babyloaniërs hiene, wat de oerhearske folken yn harren ryk oanbelange, in polityk fan deportaasjes fierd; Syrus de Grutte draaide dat, yn 538 f.Kr., om en moedige de ballingen yn Mesopotaamje, mei dêrûnder de Joaden, krekt oan om wer nei har âlde heitelân werom te kearen. It wie in ferstannich belied, dêr't er withoefolle trouwe ûnderdienen mei wûn. Behalven Mesopotaamje hearden ek Aram (Syrje) en de rest fan 'e Levant, oan 'e Sinaï-woastyn ta, by it Nijbabyloanyske Ryk; dy gebieten giene no mei oer nei it Perzyske Ryk.

It is net alhiel dúdlik wat der nei de ferovering fan Babyloanje krekt barde, mar yn elts gefal rekke Syrus yn oarloch mei de Massageten, in oan 'e Skyten besibbe folk út Sintraal-Aazje. Neffens Herodotus besocht Syrus earst om harren keninginne, Tomyris, oer te heljen om mei him te trouwen, en doe't se dat wegere, foel er har ryk binnen. By in alderfûleindichst treffen oan 'e rivier de Syr Darja, yn 530 f.Kr., litten de Perzen in gefoelige nederlaach en kaam Syrus de Grutte om. Syn lyk waard werombrocht nei syn haadstêd Pasargadee, dêr't noch altiten in tombe stiet, datearjend fan 540-530 f.Kr., dêr't fan sein wurdt dat it sines is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further reading, op dizze side.