Syrussylinder

Ut Wikipedy
De Syrussylinder.

De Syrussylinder is in klaaisylinder oerdutsen mei Akkadysk spikerskrift, dy't ien fan 'e mar in pear kontemporêne histoaryske boarnen foarmet oangeande it regear fan 'e Perzyske kening Syrus de Grutte (559-530 f.Kr.). De sylinder wie nei de Perzyske ferovering fan it Nijbabyloanyske Ryk, yn 539 f.Kr., mank de fûneminten fan 'e Esagila, de timpel fan 'e god Mardûk yn Babylon, pleatst. Hy waard dêr yn 1879 by archeologyske opgravings ûntdutsen en is tsjintwurdich op 'e noed fan it Britsk Museum, te Londen.

De tekst op 'e sylinder lit de ôfsette Babyloanyske kening Nabonidus ôfrinne en omskriuwt Syrus de Grutte as ien dy't it de oppergod Mardûk nei 't sin docht. Fierders wurdt fernijd dat de befolking fan it Babyloanyske Ryk in better libben krigen hat ûnder it bewâld fan Syrus, en dat er de troch de Babyloanyske keningen deportearre folken út harren ballingskip nei har ûnderskate heitelannen weromkeare litten hat. Hoewol't dat net neamd wurdt, foarmet de weromkear fan 'e Joaden út 'e Babyloanyske Ballingskip dêr sûnder mis in ûnderdiel fan.

De Feriene Naasjes hawwe de Syrussylinder yn 1971 útroppen ta in "oerâlde minskerjochteferklearring", in resolúsje dy't goedkard is troch de doetiidske siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes U Thant. It Britsk Museum omskriuwt de sylinder as "in ynstrumint fan oerâlde Mesopotamyske propaganda" dy't "in lange tradysje yn Mesopotaamje werjout, mei't keningen dêre, sels al yn it trêde milennium f.Kr., harren regearperioades begûnen mei ûnthjitten fan herfoarming." De sylinder beklammet sadwaande dat Syrus syn regear in fuortsetting is fan eardere Babyloanyske, Assyryske en Sûmearyske hearskers.

Yn 'e santiger jierren fan 'e tweintichste iuw makke de lêste sjah fan Perzje de Syrussylinder ta in polityk symboal, dat er brûkte as fehikel foar syn eigen propaganda om 2500 jier fan Perzyske monargy te fieren, en dat er útrôp ta it earste minskrjochtehânfêst yn 'e skiednis fan 'e minskheid. Dy miening wurdt troch wittenskippers ôfdien as efterhelle en stimmingmakkerich, mei't moderne minskerjochten de tiid fan Syrus de Grutte folslein frjemd wiene en op 'e sylinder ek alhiel net op 't aljemint komme. Mar likegoed is de Syrussylinder ûnderdiel wurden fan 'e Iraanske nasjonale identiteit.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.