Kaukasus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Politike kaart

De Kaukasus is in regio en berchte tusken de Swarte See yn it westen en de Kaspyske See yn it easten. Lannen yn de Kaukasus binne Armeenje, Azerbeidzjan, Georgje en Ruslân. Histoaryske en kultureel binne de lannen ferbûn mei Europa, mar geografysk hearre se by Aazje. It gebiet leit perifear oan Ruslân en Turkije. Yn it ferline ha der ieuwenlang politike, militêre, religieuze en kulturele konflikten west, lykas de fergeze striid foar ûnôfhinklikens yn Tsjetsjeenje en de kriich yn Súd-Osseesje.

Folken, talen en religy's[bewurkje seksje | edit source]

Behalven Noard- en Súd-Kaukasyske talen, wurde der ek Turkske talen, Iraanske talen, Slavyske talen, Gryksk en Armeensk yn it gebiet sprutsen.

Yn de Kaukasus komme mear as fiiftich ferskillende folken foar. It talrykste binne de Armeenjers, Avaren, Azerbeidzjanen, Georgjers, Russen en Tsjetsjenen.

De folken yn de Kaukasus hawwe in grut ferskaat oan religy's; wêrûnder soennitysk en sjiitysk islamitysk, Georgysk-ortodoks, Russysk-ortodoks en Armeensk-apostolysk kristlik.