Armeenjers
Ut Wikipedy
De Armeenjers (Armeensk: Հայեր, Hayer) binne in folk of etnyske kloft dy't har oarsprong hat yn de Kaukasus en it Armeenske Heechlân. In grut part hat dêr altyd wenje bleaun, benammen yn Armeenje, mar in protte binne ferspraat nei oare parten fan de wrâld (sjoch: Armeenske diaspora). De Armeenjers hienen earder wichtige minderheden yn lannen as Georgje, Iran, Ruslân en Oekraïne. Nei de Armeenske Genoside binne in grut tal oerlibjenden fuort flechten nei Frankryk, de Feriene Steaten, Argentynje, de Levant en oare lannen dêr't sy wolkom wienen. Nei skatting wenje oer de hiele wrâld 8 oant 10 miljoen Armeenjers.
Bekende Armeenjers [bewurkje seksje]
- Andre Agassi - tennisser (VS)
- Arthur Abraham - bokser (Dútslân)
- Ivan Aivazovski- keunstskilder (Ruslân)
- Charles Aznavour – sjonger (Frankryk)
- Peter Balakian - skriuwer (FS)
- Aram Chatsjatoerjan - komponist (Ruslân)
- Cher- aktrise en sjongster (FS)
- Patrick Devedjian - politikus (Frankryk)
- Hrant Dink - sjoernalist (Turkije)
- Youri Djorkaeff – fuotballer (Frankryk)
- Atom Egoyan - filmregisseur (Kanada)
- Garri Kasparov - skaker (Ruslân)
- Kirk Kerkorian – sakeman, miljardêr (FS)
- Kim Kardashian - bekende aktrise (FS)
- Marie Laforêt- actrice, zangeres (Frankrijk)
- Gegard Mousasi- MMA Fjochter (Nederlân)
- David Nalbandian- tennisser (Argentynje)
- Andy Serkis - akteur (FK)
- System Of A Down - rockband fan fjouwer Armeenjers (FS)
- Sylvie Vartan- aktrise, sjongster (Frankryk)
- Francis Veber- filmregisseur en senariste (Frankryk)
- Henri Verneuil- filmregisseur (Frankryk)