Kim Kardashian

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Kardashian yn 2009
Kim Kardashian yn 2009

Kimberly Noel "Kim" Kardashian (Los Angeles, 21 oktober 1980) is in Amerikaanske styliste, aktrise, model en televyzjebekendheid fan Armeenske, Nederlânske en Skotske komôf[1]. Sy is fral bekend troch har turbulinte priveelibben, realityshow Keeping Up with the Kardashians. Teffens hat sy in moade- en in parfumline.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Famylje

Kardashian is de dochter fan de Iraanse Robert Kardashian (1944-2003), dy't bekend wurden is as abbekaat fan de destiids fan moard beskuldige O.J. Simpson. Har mem is Kris Jenner (Houghton, San Diego, 1955). Sy hat in âldere suster, Kourtney (1979), in jongere suster, Khloe (1984), in jongere broer, Robert Jr. (1987) en twa healsusters, dyt har mem krige mei atleet Bruce Jenner: Kylie en Kendall. Fia Jenner hat Kim Kardashian ek styfbroers Burton, Brandon en Brody en styfsuster Casey. Al dy sibben hawwe in rol yn de rige Keeping Up With The Kardashians, útsein Robert Kardashian, dy't nei syn skieding fan Kris Jenner oan kanker stoar.

[bewurkje seksje] Sekstape

Kardashian har priveelibben waard net folle oer praat oant der in fideobân foar it ljocht kaam dêr't op te sjen wie hoe't sy seks hie mei har freon fan doe R&B sjonger Ray J (de broer fan sjongster Brandy). Sy klage Vivid Entertainment oan, dy't de bân útbrocht hie. Nei in skikking fan fiif miljoen dollar luts sy de oanklacht yn.

[bewurkje seksje] Aktivisme

Kardashian stipet de erkenning fan de Armeenske genoside yn it iepenbier sa faak at sy kin en hat Barack Obama en it regear fan de Feriene Steaten oantrune de genoside ta te jaan.

Op 1 april 1 2010 die Kardashian mei oan Cyndi Lauper har Give a Damnkampanje dy't liede moast ta in breder bewustwêzen fan diskriminaasje fan de LGBT-mienskip yn it ramt fan har True Colors Fund. De kampanje rôp hetero's op om it op te nimmen foar homo's, lesbyske froulju, biseksuelen, transgenders en de diskriminaasje te stopjen.

[bewurkje seksje] Films

[bewurkje seksje] Televisie

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Monuments and momentous times in Monte Carlo, kimkardashian.celebuzz.com
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen