Evangeelje fan Tomas
It evangeelje fan Tomas is ien fan de apokrife evangeeljes. It soe skreaun wêze troch in apostel fan Jezus, Tomas, dy't neffens it evangeelje fan Johannes Didymus, Twilling hiet. It evangeelje waard yn 1945 fûn troch twa boeren by Nag Hammady yn in krúk, mei in tal oare gnostyske skriften, dy't yn de Koptyske taal skreaun binne. It bestiet út in 114-tal losse útspraken fan Jezus en it manuskript is datearre op de 4e ieu. Nei alle gedachten is it in oersetting fan in Grykske tekst en neffens guons giet de Arameeske tekst sels oarspronklik werom op it jier 50, mar lykwols wurdt troch de measten de twadde helte fan de 2e ieu sjoen as tiidrek fan ûntstean.
De Jezus dêr't yn it evangeelje fan Tomas oer skreaun wurdt is in oaren-ien, as de Jesus dy't út de kanonike evangeeljes nei foarren komt.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gospel of Thomas fan Wikimedia Commons. |
- It evangeelje fan Tomas Nederlânsk