Skeel fan Adam en Eva mei Satan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It Skeel fan Adam en Eva mei Satan is in algemien as apokryf beskôge religieuze tekst, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel. It is in kristlik pseudepigrafysk geskrift, dat inkeld oerlevere is yn it Ge'ez, de deade tsjerketaal fan Etioopje. Undersikers hawwe fêststeld dat it orizjineel yn it Arabysk skreaun west hawwe moat, en út 'e fyfde of sechsde ieu datearre.

Ynhâld[bewurkje seksje | edit source]

It Skeel fan Adam en Eva mei Satan is opdield yn fjouwer boeken. De tekst set útein fuort nei't Adam en Eva út it Hôf fan Eden set binne, wêrby't Adam syn fertriet en helpeleazens yn 'e wrâld bûten it Hôf sterk beklamme wurdt. Yn boek 2 wurde de "soannen fan God", dy't yn 'e Bibel neamd wurde yn Genesis 6:2, identifisearre as de bern Adam en Eva harren soan Set, wylst de "dochters fan de minsken" ôfstammelingen wêze soene fan harren oare soan Kaïn. De Kaïnityske froulju ferlokje de measten fan 'e Settiten om 'e berch dêr't hja op wenje, te ferlitten en har by de Kaïniten yn 'e delling te jaan. Dy wurde laat troch in Genun, dy't in soan wêze soe fan Lamech. Dy Genun wurdt presintearre as de útfiner fan 'e muzykynstruminten, en liket datoangeande te korrespondearjen mei de bibelske Jûbal; lykwols wurdt fan Genun sein dat er teffens de oarlochswapens útfûn.

De Kaïniten, dy't ommers de neiteam binne fan Kaïn, de earste moardner, wurde omskreaun as oerute ferkeard en allegeduerigen ree om moard of ynsest te begean. Nei't harren froulju de Settiten ferlaat hawwe, skinke dy it libben oan 'e Nefilim of reuzen, de "sterke mannen út 'e âlde tiden, de mannen fan namme", sa't se yn Genesis 6:4 neamd wurde. Dyselden waarden lykwols allegear ferdylge yn 'e Sûndfloed, sa't ferhelle wurdt yn oare wurken, lykas Henoch en Jubileeën. Boek 3 en 4 geane fierder mei yn it koart te fertellen oer de libbens fan Noäch, Sem, Melchisedek, ensfh. oant en mei de ferwuostging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch de Romeinen yn it jier 70. Dêrby wurdt de geneälogy fan Adam oant Jezus Kristus jûn, krekt as yn 'e kanonike evangeeljes fan Mattéus en Lukas, mar hjir wurde de nammen fan 'e froulju fan elkmis fan Jezus syn foarfaars derby neamd, wat frijwol nea dien wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.

Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden |
Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) |
Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs |
4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan |
Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief |
Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus |
Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve |
Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije |
Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) |
Wysheid fan Jezus Kristus