Diatessaron
It Diatessaron ("ien út fjouwer") is it wichtige 'harmonyëvangeelje' út de begjintiid fan it Kristendom en is in gearstalling fan de ferslaggen fan Matteus, Markus, Lukas en Jehannes, dy't troch Tatianus yn de 2e ieu bewurke binne.
De harmony fan Tatianus slút, wat de tekst oangiet, goed oan by de fjouwer evangeeljes, mar set de rin fan de skiednis yn in wat oare folchoarder as de fjouwer evangeeljes. Fierders stiene der net tsjinstridichheden yn dy't de evangeeljes wol karakterisearre.
In Syryske ferzje fan dat wurk is oant healwei de 5e ieu fan grut belang west yn it Easterske kristendom.
[bewurkje seksje] It Grykske fragmint út Dura
Yn de earste helte fan de 20e ieu hat der wat diskusje west oft it Diatessaron earder yn it Arameesk of it Gryksk ferskynde, mar yn 1933 waard troch argeologen yn Dura-Europos in stik perkamint fûn dat dêr tusken 254 en 256 begraven wie. Carl Hermann Kraeling (Brooklyn, 1897) publisearre dat yn 1935 ûnder de titel A Greek Fragment of Tatian's Diatessaron From Dura (In Gryksk fragmint út Dura fan it Diatessaron fan Tatianus). De tekst dêr't om giet is no it âldst bekende fragmint fan it Diatessaron, soks makket in Gryksk orizjineel it alder wierskynlikst.
It Gryksk fragmint is 14 rigels lang en opboud út fragminten fan alle fjouwer evangeeljes.
[bewurkje seksje] It Diatessaron yn it Nederlânsk taalgebiet
Yn Nederlân hawwe wy it Limburchske Libben fan Jezus of Luikske Diatessaron, dat in manuskript út 1300 is, dêr't wol fan tocht wurdt dat it basearre is in âldlatynske ferzje fan it Diatessaron fan Tatianus.
Professor Gilles Quispel hat oantoand dat de Diatessaron ta grûnslach leit oan in protte evangeeljeharmonyën dy't Angelsaksyske en Fryske misjonarissen yn de 7e en 8e ieu brûkten om de heidenske Germanen yn ús omkriten te bekearen ta it kristendom.
It religeuske epyske gedicht De Heliand, skreaun om-ende-by 825 yn it Aldsaksysk is diels basearre op it Diatessaron fan Tatianus.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- A Greek Fragment of Tatian's Diatessaron from Dura, Carl H. Kraeling, Georgias Press, ISBN 1-59333-368-4
- A further study of the Liège Diatessaron, Dr. D. Plooij, E.J. Brill Ltd. Leien, 1925