Syrysk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Syrysk
algemien
eigen namme ܠܫܢܐ ܣܘܪܝܝܐ (leššānā Suryāyā)
lânseigen yn Syrje; Libanon; Irak
tal sprekkers 1400)
skrift Arameesk alfabet (mei oanpassings)
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
dialekten Westsyrysk, Eastsyrysk
taalstatus
offisjele status (as tsjerketaal)
Syriac orthodox COA.svg Syrysk-Otterdokse Tsjerke
Flag of the Vatican City.svg Syrysk-Katolike Tsjerke
Eastern Syriac Cross.svg Assyryske Tsjerke fan it Easten
Flag of the Vatican City.svg Galdeesk-Katolike Tsjerke
Cedar flag.svg Maronityske Tsjerke
en ôfspjaltings
taalkoades
ISO 639-2 syc
ISO 639-3 syc

It Syrysk (Syrysk: ܠܫܢܐ ܣܘܪܝܝܐ leššānā Suryāyā) is dialekt fan it Midarameesk, dat tusken de fjirde ieu f. Kr. en de achtste ieu (n. Kr.) yn it Midden-Easten rûnom sprutsen waard yn it gebiet fan 'e Fruchtbere Healmoanne. It is in lid fan 'e Semityske tûke fan 'e Afro-Aziatyske taalfamylje, en waard skreaun yn it Syryske alfabet, dat in oanpaste foarm fan it Arameeske alfabet is. It Syrysk is oerlevere fan 'e earste ieu (n. Kr.) ôf en kin opdield wurde yn trije histoaryske perioaden, ntl. it Aldsyrysk, de taal fan it keninkryk Osroëne; it Midsyrysk, dat de tsjerketaal waard fan alle kristlike tsjerken fan 'e Westsyryske en Eastsyryske liturgy; en it Klassyk Syrysk, dat him tusken de fjirde en de achtste ieu ûntjoech ta de literêre taal fan in grut part fan it Midden-Easten. Fan 'e sânde ieu ôf begûn it Syrysk troch de flugge opmars fan it Arabysk almar mear yn it neigean te reitsjen, in proses dat noch hurder gie troch de ferwuostgjende Mongoalske ynfallen yn 'e Fruchtbere Healmoanne yn 'e trettjinde ieu. Hoewol't it Syrysk in grutte ynfloed útoefene op 'e ûnderskate Arabyske sprektalen en teffens op it postklassike literêre Arabysk, wie it der oan 'e ein fan 'e fjirtjinde ieu frijwol hielendal ûnder strûpt.

Benammen as tsjerketaal fan 'e nestoriaanske en Syrysk-otterdokse tsjerken hat it Syrysk yn it ferline gâns ynfloed hân, net inkeld yn it Heine Easten, mar troch sinding ek yn 'e Malabar, yn súdlik Yndia, en yn eastlik Sina. Hjoed de dei is it Syrysk, yn 'e foarm fan it Eastmidsyrysk, noch as tsjerketaal yn gebrûk yn 'e Assyryske Tsjerke fan it Easten, de Alde Tsjerke fan it Easten, de Galdeesk-Katolike Tsjerke, de Syro-Malabareeske Katolike Tsjerke en de Galdeesk Syryske Tsjerke. Yn 'e foarm fan it Westmidsyrysk wurdt it fierders ek noch as tsjerketaal brûkt yn 'e Syrysk-Otterdokse Tsjerke, de Malankara-Otterdokse Syryske Tsjerke, de Brahmavaarske (Goaanske) Otterdokse Tsjerke, de Syrysk-Katolike Tsjerke, de Maronityske Tsjerke, de Jakobityske Syryske Kristlike Tsjerke, de Syro-Malankara-Katolike Tsjerke, Malankara-Mar Thoma Syryske Tsjerke, de Evangelyske Tsjerke fan Sint-Tomas en de Malabareeske Unôfhinklike Syryske Tsjerke.