Heliand

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Münchener hânskrift
Berliner Fragmint

De Heliand is in gedicht fan likernôch 6000 rigels dat basearre is op it Diatessaron, in evangeeljeharmony, skreaun om 170 n.Kr. hinne troch de Syrjer Tatianus, in learling fan Justinus de Martelaar, dy't him wer basearre op de fjouwer evangeeljes út it Nije Testamint en it tegearre smeide ta in goed rinnend ferhaal. De tekst fan de Heliand is ús oerlevere yn fjouwer hânskriften.

Gilles Quispel, in Nederlânske professor yn de teology, hat oantoand dat it Diatessaron ta grûnslach leit oan in protte evangeeljeharmonyen, dêr't de Heliand ien fan is. Sokke evangeeljeharmonyen waarden troch Angelsaksyske en Fryske misjonarissen yn de 7e en 8e ieu brûkt om de heidenske Germanen yn ús omkriten te bekearen.

Guon wittenskippers tinke dat de Heliand skreaun is troch de Fryske bard Bernlef yn de 8e ieu.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen