Loadewyk de Dútser

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
It Segel fan Loadewyk de Dútser
It Segel fan Loadewyk de Dútser

Loadewyk de Dútser (806Frankfurt am Main, 28 septimber 876) wie de soan fan keizer Lodewyk de Fromme en Ermengarde fan Haspengouw. Hy waard as Lodewyk II kening fan East-Francië, it lettere Dútslân. Letter waard hy ek kening fan Lotharingen, hjir as Lodewyk I. Hy krige de bynamme de Dútser om him te ûnderskieden fan syn neef, Loadewyk II fan it Hillige Roomske Ryk, dy't kening fan Itaalje wie, en ek de keizerskroan droech.

Mei it Ferdrach fan Ferdun waard it Frankyske ryk fan Lodewyk de Fromme ferpart oer syn trije soannen: Loadewyk de Dútser, Karel de Keale en Lotarius I. Sa al earder sein krige Lodewyk East-Francië. Nei de dea fan syn âldste broer Lotharius I waard syn part fan it Frankyske ryk, it Middenryk, fierder ferparte ûnder syn trije soannen: Lotarius II, Loadewyk II en Karel de Jonge. Dizze trije neven fan Lodewyk koenen harren sels net handhaavje. Yn 869 pikte Loadewyk Lotharingen yn.

Lodewyk de Dútser wurdt tsjintwurdich beskôge as de meast bekwame telch fan de doetiidske Karolingen.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings