West-Frânsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
West-Frânsje (oranje kleurd) by de oprjochting yn 843

West-Frânsje, it West-Frankyske Ryk of it West-Frankenryk (Latynsk: Francia Occidentalis) wie in earder Jeropeeske steat. It ûntstie yn 843, doe't by it ferdrach fan Ferdun it Frankyske Ryk yn sawat trije likense parten ferdiele waard oer de trije soannen fan kening Loadewyk de Fromme. Karel de Keale waard de earste kening fan it westlike part. It keninkryk West-Frânsje leit oan de grûnslach fan it Frânske keninkryk dat oant de Frânske Revolúsje bestie en dêr't it moderne lân Frankryk út foarkommen is.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]