Drintsk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Drintsk taalgebiet neffens Daan

Drintsk is in sammelnamme foar de dialekten dy't sprutsen wurde yn de provinsje Drinte. De dialekten sa't dy noch troch de helte fan de Drintske befolking sprutsen wurde, binne farianten fan it Nedersaksysk dat op syn beurt diel útmakket fan it Nederdútsk.

Dialekten[bewurkje seksje | edit source]

Alle Drintse dialekten wurde dus ta it Nedersaksysk rekkene, mar dêr hâldt de mienskiplike taalkundige faktor op. Alhoewol't foar alle streektalen jildt dat se yn meardere foarmen besteane en faak per doarp ferskille, is dit foar it Drintsk wol sadanich it gefal dat taalkundich amper noch sprutsen wurde kin fan "Drintsk". De dialekten út it noarden en easten (hjirûnder: Noardenfjildsk en Feankoloniaalsk) wurde ornaris rekkene ta it Grinslannersk, de dialekten út it súdwesten binne Stellingwerfsk, en de dialekten yn in pear doarpen tsjin de súdgrins mei it greefskip Bentheim (Dútslân) wurde sels wol by it Sallânsk yndield (om de eigenskip dat se umlaut yn de ferlytsingswurden hawwe).

De Stichting Drentse Taol ûnderskiedet sân haadfarianten fan het Drintsk binnen de provinsje, basearre op it ûndersyk fan G.H. Kocks, de gearstaller fan it Wurdboek fan de Drintske Dialekten:

Oer it Súd- en Middendrintsk, de dialekten dy't oerbliuwe nei it dialektologyske knip- en plakwurk, kin sein wurde dat se in soad op it Sallânsk en it East-Feluwsk lykje. Dit sibskip komt benammen ta útdrukking yn lange lûden (Aldgermaanse û waard uu, ê waard ie, ô waard oe). Oars as it Sallânsk hat it Drintsk gjin umlaut yn de ferlytsingswurden. Troch dit alles stiet it Drintsk ûndanks de eksintryske lizzing fan de provinsje opmerklik ticht by it Standertnederlânsk, en is it foar in ynwenner fan de Rânestêd folle fersteanberder as it Twintsk of het Grinslannersk. Mooglik is dizze relatyf goede fersteanberheid de reden west dat in rige as Bartje dy't him yn Drinte ôfspile sa populêr waard.

De measte Drintske dialekten hawwe it Saksyske ienheidsmeartal op -t (wij loopt, ieluuj loopt, sij loopt). De allernoardlikste dialekten (Noardenfjlidsk) hawwe dat skaaimerk net, trocht se op in Frysk substraat lizze. De measte Feankoloniaalske dialekten hawwe dit skaaimerk wer al; dochs wurde se faak ta it Grinslannersk rekkene. It Noardenfjildsk en Feankoloniaalsk slute har wol by it Grinslannersk oan yn de lûdlear: men brûkt yn dizze streken de typysk Grinslannerske twalûden.

Dialektferlies en -behâld[bewurkje seksje | edit source]

Yn in ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins wurdt steld dat it Drintsk dialekt wol ris ferdwine koe omt de hjoeddeiske sprekkers benammen âlderen en leechopliedenen binne. Streektalen wurden oer in generaal troch heger oplieden minder sprutser en leger wurdearre. It stigen fan it opliedingspeil yn Drinte soe dus grutte gefolgen hawwe kinne foar it Drintsk (sjoch ek bedrige taal).

Meidat oan de oare kant de dialektrenêssânse it prestiizje fan de streektalen opfizele hat, binne de oerlibbingskânsen ek foar de Drintske dialekten wat geunstiger woarn. It súkses fan in band as Skik sprekt ditoangeande boekdielen.

Foarbylden[bewurkje seksje | edit source]

In foarbyld fan Drintsk sa't dat yn Ruinen sprutsen wurdt:

iene, tweie, dreie, vere, vieve, zesse, zeuven (zeum), achte, negen (neeng), tiene.

Fergelykje dit mei it Noardenfjildsk:

ain, twai, drai, vaier, vief, zes, zeum, aacht, neegn, tien.

It Drintsk kaam yn de jierren santich ûnder de aandacht fan de massa troch de Nederlânske televyzje-rige Bartje, nei it lykneamde boek fan Anne de Vries. De popgroepen Dutch Boys en Skik, it Börker Trio, de band Mooi Wark, de Kiender van Jan ten Brink en de Zusjes de Roo brûkten Drintsktalige teksten. Fan it duo Jan en Zwaan wurdt faak sein dat de Drintsktalich sjonge, mar dat strykt net. It duo komt wol út Drinte, mar sjongt allinnich Nederlânsktalich. Producer Fred Rootveld hat in swak foar Drintske en Twintske artysten.

Drintsk diktee[bewurkje seksje | edit source]

Op tongersdei 1 maart 2012 sil it Drintsk diktee hâlden wurde. It wurdt útstjoerd op RTV Emmen en kin ek op it webstee fan de omrop folge wurde. It Drintsk diktee wurdt foarlêzen en útstjoerd yn de bibleteek fan Emmen. Dêr sitte ferskate Drintske pommeranten, dy’t besykje om de Nedersaksyske tekst mei sa min mooglik flaters op it papier te krijen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]