Nag Hammady

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Nag Hamady
نجع حمادي
Plak fan Nag Hammady yn Egypte
Plak fan Nag Hammady yn Egypte
Sifers
Ynwennertal ± 30.000 (2011)
Polityk
Lân Egypte
Gûvernemint Qina


Nag Hammady (Arabysk: نجع حمادي, transliteraasje: Nadj` Hammadi; yn de Klassike Aldheid Chenoboskion, Gryksk Xηνοβόσκιον) is in plak yn boppe-Egypte. It plak leit oan de Nyl it gûvernemint Qina, 127 km benoarden Luksor.

Nag Hammady hat in befolking fan sa'n 30.000; it grutste part is boer. Teffens wurdt der sûker en aluminium produsearreare.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Nag Hammadi waard stichte troch Mahmoud Pasha Hammadi, lid fan de famylje Hammadi yn de stêd Sohag. Mahmoud Pasha Hammadi wie in grutgrûnbesitter yn Sohag en in fûl tsjinstanner fan de Britske besetting fan Egypte.

Desimber 1945 fûn in boer dêr de Nag Hammadygeskriften yn in krûk op it begraafplak fan in ta ruïne ferfallen kleaster. It gie om tige âlde kristlike teksten, meast Gnostyske traktaten, skreaun yn it Koptysk, mar nei alle wierskyn oerset út it Gryksk.

Op 7 jannewaris 2010 waarden yn Nag Hammady 9 Kopten deasketten troch moslimfundemintalisten by it útkommen fan in tsjerke.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]