Martelder

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Sint Sebastiaan , in foarbyld fan it martlerskip

In martler of martelder (Gryksk: martys - tsjûge, martyrion - tsjûchnis) is immen dy't te lijen hat fan of stjert foar syn of har leauwe, faak ferlear men it libben troch tramtearring.

De term wurdt ek wel oerdrachtlik brûkt foar minsken dy't foar in beskate saak stjerre. De de dea fan in martler of de ûnderstelde betsjutting dêrfan wurdt martlerskip neamd.

Kristendom[bewurkje seksje | edit source]

In hiele soad kristenen stoaren de marteldea benammen yn de earste trije ieuwen doe't hja bytiden fûlenich ferfolge waarden; ûnder de Romeinen waarden hja foar de liuwen smiten of waarden krúsige. Yn de Katolike Tsjerke waarden hja dêrom hillich ferklearre.

De earste kristlike martler wie Stefanus. Yn it Nije Testamint komt de term net foar, hoewol't de dea fan Stefanus troch stienniging as martyrium der al wol beskreaun stiet.

De tsjerkeskiednis kint ferskate martlers. Ignatius fan Antiochje waard yn Rome dea-tramtearre. Polykarpus fan Smyrna stoar yn Smyrna de marteldea. Yn Noard-Afrika wienen dat ûnder oaren Cyprianus, Perpetua en Felisitas. De ferslaggen fan harren dea binne samle yn de saneamde martlersboeken.

Ek yn de 20e ieu hawwe der noch in protte kristlike martelders west. Sa as de slachtoffers yn it kommunistyske Sjina en Ruslân en ek yn de 21e ieu wurde der yn Noard-Korea kristenen ferfolge en deadien út reden fan harren leauwe.

Martelders yn Nederlân[bewurkje seksje | edit source]

Yn it Nederlânsk taalgebiet binne sokke tsjûgenissen samle troch Adriaan fan Haemstede (Adrianus Haemstedius) dy't yn 1559 in grutte samling útjoech ûnder de titel Historie der martelaren die om de getuigenis der evangelische wierheid hun bloed hebben gestort. Nei syn ferstjerren is it boek hieltyd oanfold sadat de lêste edysje fan 1747 in oersjoch jout fan martlers fan de iere tsjerke oant likernôch 1650. Bekende Nederlânske foarbylden fan kristlike martelders, dy't troch de Roomsk-katolike tsjerke yn de hilligenkalender opnaam binne: de Martlers fan Gorkum en - yn mear romme sin - de karmelitesse Edith Stein, in bekearlinge út it joadendom.

Ek de dopersken hawwe tal fan martelders kend.

Metafoarysk[bewurkje seksje | edit source]

Letter, fral nei de Ferljochting, wurdt de term martelder ek yn net-religieus ferbân brûkt.

Walpole Brûkt yn "Memoirs of the Reign of George II" yn 1757 it begryp martler net langer yn allinne religieuze kontekst, mar ek foar slachtoffers fan in net "ferljochte" oerheid. De fan de tsjerke en oerheid ferfolge astronomen sa as Galileo Galilei en Keppler wienen yn de eagen fan de Ferljochting martlers foar de frijheid fan de wittenskip.

Yn de 19e en 20e ieu koenen minsken beskôge wurde as "martler fan in goede saak" at hja harren opofferen foar sosjale of politike rjochtfeardigens.

Sa sjogge in soad minsken Martin Luther King as martelder foar boargerrjochten (dêr't King lykwols fanút krstlike oertsjûging foar opkaam), oaren beskôgje Che Guevara as martelder foar it sosjalisme en Theo van Gogh as martelder foar de frijheid fan mieningsutering.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan in part fan Wikipedia nl: Martelaar