Jiddysk
Ut Wikipedy
|
||||||||||||||||||||
It Jiddisch (ייִדיש jidisj of אידיש idisj, "Joadsk[-Dútsk]") is in Germaanske taal, mei Hebrieuske of Slavyske ynfloeden, dy't mei it Hebrieuske skrift skreaun wurdt.
It Jiddysk wurdt troch likernôch trije miljoen joaden oer de hiele wrâld praat. De namme is ôflaat fan it Middelheechdútsk Jüd, Jiddysk (Joadendútsk) yid (Joad). Der binne ferskate dialekten fan it Jiddysk. It Jiddysk is te ferlykjen mei it Sefardysk, in Joadske taal dy't nau besibbe is oan it Spaansk. Foar de holocaust wienen der sa'n 10 miljoen sprekkers fan it Jiddysk, nei de Twadde Wrâldkriich wienen der likernôch 3 miljoen fan oer.