Aleksander de Grutte

Ut Wikipedy
Mozayk fan Aleksander de Grutte.

Aleksander de Grutte, ek wol Aleksander fan Masedoanje of Aleksander III (Gryksk: Μέγας 'Aλέξανδρος, "Megas Aleksandros"; Pella, 20 of 21 july 356 - Babylon, 10 of 11 juny 323) wie de kening fan it Hellinistyske Ryk, dy't dat ryk ta it grutste ryk oan de Middellânske See makke.

Jeugd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aleksander waard berne yn Pella, yn it noarden fan it hjoeddeiske Grikelân, as soan fan de kening fan Masedoanje Filippus II en prinses Olympias. As jongfeint is Aleksander in goed hynsterider en kriget hy les fan de wiisgear Aristoteles.

Al op syn 18de joech er lieding oan in legerûnderdiel yn de Slach by Kaeronea (338 f.K.) Yn dy slach waarden de losse stedsteaten fan Grikelân ferslein en kaam hiel Grikelân ûnder it bewâld fan syn heit Filippus de Twadde.

Fjildslaggen yn Perzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de moard op Filippus II yn 336 f.Kr. werstelde Aleksander de oarder yn it lân en rette him ta om it machtichste lân fan de doetiidske wrâld, Perzje, te bemasterjen, wat doe de notiidske lannen Irak, Iran, Syrje en Turkije omfieme. Der folgen in tal slaggen dy't der ta eintsjebeslút foar soargen dat Aleksander de skepter oer Perzje swaaide:

By de Slach by Gaugamela waard it leger fan kening Darius III fan de Perzen foar de tredde kear ferneatige. Hoewol't Darius noch ûntkomme koe waard er letter troch ien fan syn eigen generaals fermoarde.

Oare fjildslaggen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noch foar de Slach by Gaugamela naam Aleksander Egypte yn en liet himsels ta Farao beneame. Nei in fisioen lit er de earste plannen meitsje foar de bou fan de earste fan 30 stêden dy't nei him ferneamd wurde sille: Aleksandrje.

De ynwenners fan de stedsteat Tyros waanden harren feilich op it festingseilân dêr't hja wennen. Aleksander hie krekt syn float fuortdien, mar liet sjen út hokfoar hout oft er snien wie. Hy liet in daam fan 800 meter troch de Middellânske See oanlizze en op brute wize waard Tyrus opnommen yn it almar grutter wurdende Hellinistyske Ryk. De ynwenners waarden deaslein of ferkocht as slaaf. De hiele operaasje duorre sa'n sân moanne en dat wie de ûngeduldige Aleksander net nei it sin.

Letter waarden de stêden Babylon, Persepolis, Susan, Herat en Samarkand ynnommen, lykas de gebieten Meedje en Skytje. De Yndiaaske kening Porus fan Punjab waard ferslein mar troch it moannen oanien reinen woenen de soldaten net fjirder mei de oerwinningstocht en úteinlik loek Aleksander mei syn leger werom nei it westen.

Dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan it ryk fan Aleksander de Grutte by syn ferstjerren yn 323 f.Kr. (Klik op de kaart foar in grutter eksimplaar.)

Yn 323 ferstoar Aleksander yn it paleis fan Nebukadnezar II yn Babylon. De reden fan ferstjerren is net rjocht dúdlik. Faaks waard er mei sin fergiftige troch in komplot fan syn eigen generaals. Feit wie dat syn lichem ferswakke wie troch ûnder oaren in swiere ferwûning yn it boarst troch in pylk, oprûn yn Yndia. In nijere teory jout as mooglike grûn foar it ferstjerren fan Aleksander it ferkeard brûken fan in medisyn troch syn doktors. Yn stee fan fertuten die in oerdoasis fan it Wrangkrûd syn deadlike wurk yn it ferswakke liif fan de kening.

Fan Aleksander syn plannen om Araabje en Kartago oan te fallen kaam neat mear. Nei syn dea foel it grutte ryk hurd útinoar.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]