Assyryske Ryk

Ut Wikipedy
It Assyryske Ryk op syn grutst

It Assyryske Ryk of koartwei Assyrje wie it stamlân fan de Assyrjers, de heechflakte fan de Tigris (beëasten fan it hjoeddeiske Mosoel), in ryk dat bestie tusken 2000 f.Kr. en 612 f.Kr. De Assyrjers oermasteren it omlizzende lân fanút har kearngebiet by de stêd Assur yn Mesopotaamje. Op it hichtepunt fan harren macht omfette dat ryk Mesopotaamje, Palestina en (ûnder in koart tiidrek) sels Egypte. Hja nommen de beskaving fan de Babyloanjers oer en ferspraten it fierders ferspraat.

Foar 1900 f.Kr. waard Assyrje in selsstannich ryk. De hannelsbetrekkingen waarden oant fier yn it suden en westen (yn súdlik Lyts-Aazje) útwreide. Under Adad Nirary I (1308-1276 f.Kr.) en syn soan Salmanassar II (1276-1246 f.Kr.) berikte Assyrje de status fan in militêre steat, benammen nei de oermastering en ferneatigjen fan Babylon troch Tukûlty-Ninurta (1246-1209 f.Kr.). Under Tglatpileser III (745-718 f.Kr. berikte Assyrje har hichtepunt fan macht en bloei. Dy foarst hat de grûnslach lein foar it Assyryske ymperialisme hokker keningshûs fan de Sargoniden letter as foarrinner en foarbyld jilde soe foar it Perzyske en Romeinske Ryk. Esharhaddon (680-668 f.Kr.) ferovere Egypte. It bewâld fan Assurbanipal (668-626 f.Kr.) wie in lêste tiid fan bloei. Yn 616 f.Kr. waard Assur, yn 612 f.Kr. Nineve troch de Meden en Chaldejers ferwoast. .