Assur

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Meast wichtige stêden fan Assyrje

Assur is de âldste en grutste fan de stêden fan it Assyryskje Ryk (yn it Irak fan no).

De stêd lei oan de rjochter ouwer fan de Tigris benoarden de mûning fan de rivier Zab. Yn de stêd stie de timpel fan Assyryske oergod Assur dêr't de stêd har namme oan ûntliene soe (krekt as it lân en it folk). De stêd hat fan goed 2000 f. Kr. oant har ferneatiging yn 616 f. Kr. troch de Meden en Chaldejers en dêrnei yn de Partyske tiid (nei 250 f. Kr.) fan belang west. De ruïnes waarden yn 1821 fannijs ûntdekt.