Canterbury

Ut Wikipedy
Canterbury oan de rivier Stour
Toer fan St. Georgetsjerke

Canterbury (Nederlands, ferâldere: Kantelberg) is in stêd (city) yn it greefskip Kent yn it súdeasten fan Ingelân. It is de sit fan de aartsbiskop fan Canterbury, de primaat fan de Anglikaanse Tsjerke. De stêd leit oan de rivier de Stour en hat sa'n 35.000 ynwenners. It is in regionaal sintrum mei wat yndustry (metaalferwurking, learyndustry, drukkerijen), mar it toerisme smyt it measte op.

Canterbury lûkt foaral minsken fanwegen it midsiuwske karakter fan de binnenstêd en de ferneamde katedraal. Dêr lizze kening Hendrik IV en Eduard (de Swarte Prins, soan fan kening Eduard III) bedobbe. De katedraal is lykwols it meast bekend fan de moard op Thomas Becket yn 1170. Dit barren makke Canterbury it doel fan pylgergong. It ynspirearre Geoffrey Chaucer ta syn masterwurk, de De ferhalen fan Canterbury. De stêd is ek ferbûn mei de famylje fan Thomas More en de widze fan toanielskriuwer Christopher Marlowe stie hjir ek.

Yn de Twadde Wrâldkriich rekke de stêd swier skansearre troch bombardeminten. De measte âlde gebouwen stean noch oerein of binne fannijs set. Nijbou yn de binnenstêd is oan strange regels bûn. Anno 2010 wurdt boud oan in nij teater, it Marloweteater. It eardere Marlowe-teater is ôfbrutsen yn 2009.

Canterbury is ek in studintestêd. Der binne trije ynstituten foar heger ûnderwiis.

Yn 1178 en yn 1276 wienen der grutte brannen yn Canterbury.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Canterbury compared
2001 UK Census Stêd Canterbury Distrikt Canterbury Ingelân
Totale befolking 43,432 135,278 49,138,831
Net lânseigen 11.6% 5.1% 9.2%
Blank 95% 97% 91%
Asiatysk 1.8% 1.6% 4.6%
Swart 0.7% 0.5% 2.3%
Kristen 68% 73% 72%
Moslim 1.1% 0.6% 3.1%
Hindu 0.8% 0.4% 1.1%
Gjin religy 20% 17% 15%
Wurkleas 3.0% 2.7% 3.3%

Berjocht:Clr

Fergelike mei de rest fan Ingelân hat de stêd in boppe trochsneed part ynwenners dy't yn it bûtelân berne binne, sa'n 12%.

Befolkingsgroei yn Canterbury sûnt 1901
Jier 1901 1911 1921 1931 1939 1951 1961 1971 2001
Befolking 24,899 24,626 23,737 24,446 26,999 27,795 30,415 33,155 43,432
Source: A Vision of Britain through Time
Fakulteit fan de Letteren, Universiteit Canterbury

Wrâlderfgoed yn Canterbury[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Canterbury[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foto's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]